Heak om Ljouwert (N31) jûn ticht yn 'e rjochting fan Harns troch fersakking by brêge

In dykynspekteur fan Rykswettersteat
In dykynspekteur fan Rykswettersteat © ANP
De N31 giet jûn om 20.00 oere ticht foar ferkear yn 'e rjochting fan Harns yn ferbân mei in fersakking by in brêge by Boksum. Dat meldt Rykswettersteat.
No al is ien rydstripe ôfsletten, sadat it ferkear oer de brêge net te swier is. De ôfrûne dagen stie der al ferskate kearen file.
De dyk sels is net fersakke, mar de berm wol. Dat komt omdat der sân fuortspield is troch it reinwetter fan de ôfrûne tiid.
In oersjoch fan de situaasje
In oersjoch fan de situaasje © Omrop Fryslân
Dykynspekteurs fan Rykswettersteat ha yn ferbân mei it waar ekstra wach west op sokke fersakkingen. By ien fan dy ynspeksjes is it probleem by de brêge oan it ljocht kaam.
De N31 giet tongersdeitejûn om 20.00 oere ticht op 'e hichte fan it knooppunt Werpsterhoek, foar ferkear yn 'e rjochting fan Harns. It ferkear dat de oare kant op giet, hat gjin lêst fan de ôfsluting.
It fersakjen fan de berm
It fersakjen fan de berm © Kappers Media