Opskuor op It Amelân ûntbleatet geheimen Sunneklaas: "Deel van traditie afgebroken"

Alde bylden fan Sunneklaas op It Amelân
Alde bylden fan Sunneklaas op It Amelân © Omrop Fryslân
Noch noait hat it Sunneklaasfeest op It Amelân sa bot yn de belangstelling stien as dit jier. De opskuor fan de ôfrûne dagen soarget derfoar dat de geheimen fan it feest stadichoan ûntbleate wurde.
In kameraploech fan de omrop PowNed kaam nei it feest op it eilân. Dat resultearre yn geweld, achterfolgingen en oanjeften. De opskuor dy't ûntstien, ropt al dagen in soad reaksjes op. Ek oer it plysje-optreden en it feest sels.
Dat is spitich, fynt VVV-direkteur Marjan Bosscha, mar It Amelân bliuwt neffens har in gastfrij eilân. Oft it in negative ynfloed hat op it imago fan it eilân, doart se net te sizzen.
"Laat ik vooropstellen dat het geweld dat we gezien hebben in de beelden door ons absoluut afgekeurd wordt. Het doet ook afbreuk aan het mooie feest dat we gevierd hebben de afgelopen dagen."
It sintrum fan Nes is autofrij op Sunneklaas
It sintrum fan Nes is autofrij op Sunneklaas © Omrop Fryslân
Se hopet dat it foarfal gjin negative ynfloed hat op hoe't der nei it eilân sjoen wurdt. "Wij zijn een gastvrij eiland en altijd geweest. Al meer dan honderd jaar. Datzelfde geldt voor dat feest dat al meer dan honderd jaar bestaat en dat kan prima naast elkaar."
As Amelanner hat se in moai feest belibbe. "Gelukkig wel. En eventueel vrouwonvriendelijke elementen speelden geen rol, want anders zou ik niet naar het feest zijn gegaan."
Yn in reportaazje út 1996 leit Omrop Fryslân út wat it Sunneklaasfeest ynhâldt:
Omrop Fryslân die yn 1996 ferslach fan Sunneklaas
Riedsleden fan de gemeente Amelân wolle moandei fragen stelle oer de opskuor fan it Sunneklaasfeest en de ferslachjouwers fan PowNed. Sa fynt Rudolf Teuben fan Ameland '82 dat de tradysje bedrige wurdt.
"We staan op alle voorpagina's. Daarmee is een deel van de traditie afgebroken. Ons feest wordt geweld aangedaan. De eilander gemeenschap had altijd voor ogen om in openbare bijeenkomsten of richting de media er niet over te praten. Persoonlijk vind ik dat we nu die grens voorbij zijn en dat is hartstikke jammer."
Alde bylden fan Sunneklaas
Alde bylden fan Sunneklaas © Omrop Fryslân
De sfear op it eilân wie strak by it feest. "Dat merk je wel", seit Teuben. "Ook wij als groep Sunneklazen kwamen onderweg een camera tegen en dan sta je op scherp."
Hy fynt dat Sunneklaas fanwege it kultuerhystoaryske aspekt allinnich foar en troch Amelanners bliuwe moat. "Wij koesteren dat feest als geen ander. Door dit soort ontwikkelingen, zoals media-aandacht, komt er mogelijk veel meer publiek op af. Niet dat dat nou heel vervelend is of zo, maar de achtergrond van het feest staat dat eigenlijk niet toe. Het heeft te maken met mystiek en herkenning. Dat lukt niet wanneer iemand van buitenaf daaraan mee wil doen."
Teuben wol net ynhâldlik yngean op de fragen dy't hy stelle sil by de riedskommisje.
Neffens tradysjesaakkundige Ineke Strouken fan it Meertens Instituut is it Sunneklaasfeest in ûnskuldige foarm fan Sinteklaasfeestfiere mei in soad teäter. Sy hat sels as ûndersiker op it eilân west.
Het is wel eens uit de hand gelopen, maar dat is een hele tijd geleden.
Tradysjesaakkundige Ineke Strouken
"Mannen verkleden zich en in het donker voeren ze schijngevechten uit en doen ze toneelstukjes. Vrouwen kruipen met vriendinnen en kinderen bij elkaar in een huisje en dat is allemaal heel gezellig. En als je dan jong bent, ga je proberen naar een ander huis te komen. En dan word je gepakt en het is juist het leuke dat je je ook een beetje verzet. Ik heb nooit meegemaakt dat het uit de hand liep. Het is wel eens uit de hand gelopen, maar dat is een hele tijd geleden."

Gjin kamera's

Strouken hat wol begryp foar de Amelanners, dat dy ien feest hawwe wolle foar harsels, neidat se it hiele jier toeristen hân hawwe. "En het feest is niet leuk als daar allemaal mensen met camera's bij zijn. Dat doorbreekt het intieme. Dit is heel belangrijk voor de gemeenschapszin en de identiteit van Ameland."
Sunneklaas yn de jierren '60
Sunneklaas yn de jierren '60 © Omrop Fryslân
"Op Texel hebben ze er een toeristisch product van gemaakt. Ga daar dan naartoe. Daar ben je als toerist heel erg welkom. Ze vieren er hetzelfde feest, maar dan wat kleurrijker. De mannen voeren overal binnen toneelstukjes op."
Strouken tinkt dat der wat misgien is yn de kommunikaasje mei PowNed. As ûndersiker hie se respekt foar it feit dat Amelanners it mei elkoar fiere wolle. "Als je daar met geweld naartoe gaat om mooie tv te maken, dan weet ik het niet. Ik ben er altijd met zeer veel warmte ontvangen."

Sjú op de stamppot

Se tinkt dat lokale tradysjes it leuk meitsje om hjir te wenjen. "Het is de jus op de stamppot. Het maakt het leven kleurrijk. Er zijn heel veel lokale tradities en daar moet je met respect mee omgaan. Als we allemaal dezelfde tradities zouden omarmen en uitvoeren, dan zou het hier wel heel erg saai worden."

Omrop Fryslân en Sunneklaas

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena wie yn 2018 op It Amelân om mei in kameraman ferslach te dwaan fan it Sunneklaasfeest. Al fuort by oankomst waard hy opbelle troch de boargemaster fan doe mei de fraach wat de bedoeling wie.
"Ik haw ferteld dat we foar wat sfearbylden kamen. Neidat wy útlein hawwe dat we mei de lêste boat werom gean soenen en net fan doel wienen om de nacht op it eilân troch te bringen, wie de spanning derôf. Ik bin noch hieltyd wolkom op It Amelân."
De PowNed-ferslachjouwers binne kritysk op it optreden en de útlittingen fan de plysje en neffens de redaksje fan PowNed kaam de plysje net earder yn aksje, neidat der kontakt socht is mei de minister fan Justysje en Feilichheid.
De plysje seit lykwols dat de minister net belutsen west hat by de beslútfoarming fan de plysje op de jûn. It optreden sil noch fierder ûndersocht wurde.
Het gaat om verantwoordelijkheid, ook van de journalisten zelf.
Plysjewurdfierder Anne Kok
Oer de parsefrijheid seit wurdfierder Anne Kok: "Journalisten moeten hun werk kunnen doen. Maar het gaat om verantwoordelijkheid, ook van de journalisten zelf. De context waarin dit conflict plaatsvond, is op dit moment nog onvoldoende duidelijk."
Plysjewurdfierder Anne Kok
Plysjewurdfierder Anne Kok © Omrop Fryslân
Se wiist derop dat de plysjes wol direkt hannele hawwe, persoansgegevens fêstlein hawwe fan beide partijen. "De collega's zijn direct aan de slag gegaan om de onveiligeheidsgevoelens van de journalisten te verhelpen. Ze hebben meegeholpen om ze van het eiland te halen. Het belangrijkste was om de rust terug te brengen. Wat er op de beelden te zien is, is heftig en impactvol, maar het gaat wel om de context. Daar doen we onderzoek naar."
De resjerzje praat mei belutsenen en tsjûgen, sil bylden fan beide partijen besjen. Beide partijen ha yntusken oanjefte dien. De plysje freget ek noch om bylden dy't minsken eventueel hawwe, ek fan foar it ynsidint mei de oanriding.