Thialf mei syn sinnepanielen nei 3,5 jier gedoch lang om let oansette

De sinnepanielen op iisstadion Thialf
De sinnepanielen op iisstadion Thialf © ANP
De sinnepanielen op it dak fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean steane nei 3,5 jier wer oan. Woansdei krige de direksje de lêste sertifikaten binnen. Dêrmei foldocht de ynstallaasje no oan alle betingsten.
"De ynstallaasje foldocht no oan de lêste noarms", seit direkteur Minne Dolstra grutsk.
"We binne mei ús sinnepark no 'state of the art' om it sa mar te sizzen. En dat moat ek wol, want oars gie de fersekerder net akkoard. En mei in fersekere wearde fan 130 miljoen euro koene we it risiko net nimme om se ûnfersekere oan te setten."

5.000 sinnepanielen

Yn de simmer fan 2020 waarden de hast 5.000 sinnepanielen fan Thialf útset. De fersekerder woe it stadion net mear fersekerje, om't de kombinaasje fan sinnepanielen en de dakisolaasje brângefaarlik wêze soe.
Yn de jierren dêrnei folge in wiere soap. "Om gek fan te wurden", sei Dolstra ferline jier noch.
Earst moasten de panielen op oare wize dellein wurde om it gefaar by brân lytser te meitsjen. Dêrnei foldiene de kabels net mear oan de easken en wiene der noch problemen mei de bûgeltsjes wêrmei't de panielen oan it dak fêstmakke wiene.

Enerzjyhub

Om de sinnepanielen optimaal te brûken, wurdt Thialf ek oansluten op in enerzjyhub. De earste fan twa grutte batterijen is dêrfoar al pleatst. It is de bedoeling dat de hub nei it EK ôfstannen begjin jannewaris oanset wurdt.
De sinne komt wer op boppe Thialf, sille we mar sizze.
Direkteur Minne Dolstra fan Thialf
"It hat fansels ôfgryslik lang duorre, mar ik ha der altyd wol betrouwen yn hân. It wie somtiden frustrearjend, mar ik ha nea tocht dat se net wer oangiene", beslút Dolstra. "De sinne komt wer op boppe Thialf, sille we mar sizze."