HEA! Wâldman op 'e klaai

HEA! Feestfierder Dikkie
Dikkie van der Kooi is in man fan de Wâlden, mar ferhuze nei Nijewier en hy hat nea ûnwennich west. Hy ferhiert aggregaten en generatoaren foar feesten en partijen, mar hâldt sels ek wol fan in feestje. Dêrneist hat hy allegear hobbys en is hy in echte hannelsman.
Dikkie hat bysûndere trekkers, in pipowein dy't er ferboud hat en hy ferkeapet krystbeammen oan hûs. Syn grutste hobby is it organisearjen fan it Oldtimerfestival yn Rinsumageast. En hy hat in eigen kroechje by hûs boud. Dêr sit er wol gauris oan in bierke mei wat doarpsgenoaten.