Ryk stekt 200.000 euro yn ús taal, provinsje wol mear Frysk yn iepenbiere romte

Tút en derút, oftewol in 'Kiss & Ride'-plak yn Snits
Tút en derút, oftewol in 'Kiss & Ride'-plak yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It ministearje fan Ynlânske Saken stekt foar ien kear 200.000 euro yn it behâld en befoarderjen fan it Frysk. Provinsje Fryslân wol mei dat jild de taal mear sichtber meitsje.
It Ryk lûkt dêrneist ek 75.000 euro út foar de erkende talen Nedersaksysk (dêr't ek it Stellingwerfsk ûnder falt), Limboarchsk en Papiamintsk. De oerheid is ferplichte om de minderheidstalen te beskermjen en it Frysk hat as offisjele taal in bysûndere posysje.
Provinsjes en gemeenten meie sels beslute wêr't se it jild yn stekke wolle. Provinsje Fryslân hat oanjûn it jild útjaan te wollen oan it sichtber meitsjen fan it Frysk yn de iepenbiere romte.

"Grutsk op wêze"

Minister Hugo de Jonge makke de ynvestearring op sosjale media ek bekend yn de Fryske taal.
Hy skreau: "Eltse regio telt. En dat jildt ek foar de ferskate talen dy't wy mei-inoar prate. Der meie wy grutsk op wêze. Dêrom jouwe wy in ekstra ympuls oan de talen Limboarchsk, Nedersaksysk, Papiamintsk en Frysk om se te beskermjen en te befoarderjen."