Liveblog | 7 desimber 2023

112-nijs 7 desimber: Glibberdiken yn Fryslân, KNMI warskôget foar glêdens

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 7 desimber 2023, 22:45
22:45

Glêdens

It KNMI jout opnij koade giel ôf om te warskôgjen foar glêdens. Boppedat kin der hjir en dêr snie falle, pleatslik 1 oant 3 sintimeter.
De warskôging fan it KNMI jildt foareast noch oant freed 10.00 oere.
17:19

Brân yn opfanglokaasje Oekraïners yn Snits

De brânwacht by it hotel yn Snits
De brânwacht by it hotel yn Snits © AS Media
Der is brân ûntstien yn it eardere Amicitiahotel yn Snits. It gebou wurdt op dit stuit brûkt as opfanglokaasje foar Oekaïners
De brân soe yn de 'technyske romte' fan it gebou sitte. De brânwacht hat opskaald nei 'middelband'. De bewenners fan it pân wurde yn it restaurant fan de opfanglokaasje opfongen.
De earste blusploech hat gjin fjoer fûn, mar der is wol reekûntwikkeling yn de gong, meldt de brânwacht. Om de oarsaak fan de reekûntwikkeling te efterheljen, wurdt de technyske romte fentilearre.
15:37

Gjin sprinters

Troch in steuring op it spoar ride der op it stuit gjin sprinters tusken Akkrum en Ljouwert. Dat meldt de NS. Dy seit derby dat de fersteuring nei ferwachting oant 17.30 oere duorret.
15:18

Jonges moatte fjoerwurk sels opromje

Trije jonges fan 16 út Drachten ha sels de resten fan it fjoerwurk opromje moatten, dat se krekt dêrfoar ôfstutsen hiene. De plysje koe de jonges yn it sintrum fan Drachten achterhelje op oanwizing fan tsjûgen.
Yn stee fan dat se in boete fan 250 euro de persoan krigen, hat de plysje se sels in feger en blik keapje litten. Dêrmei moasten se de troep sels oprêde. Se krigen ek in offisjele warskôging. As se wer trappearre wurde, krije se wol in boete.
15:08

Brân Sint Anne gau ûnder kontrôle

De brânwacht hie tongersdeitemiddei in brân yn in wenning oan de Dordtse Straat yn Sint Anne al gau ûnder kontrôle. Der waard út foarsoarch opskaald nei 'middelbrand' om't de brân yn in kompleks mei meardere wenten siet, mar de ynset fan in twadde brânwachtauto bliek net nedich.
De brân yn Sint Anne
De brân yn Sint Anne © AS Media
13:44

Taakstraf foar Ljouwerter dy't smaadposter fersprate

In 26-jierrige Ljouwerter is woansdei feroardiele ta in wurkstraf fan 50 oeren. De Ljouwerter hie posters ophongen mei de foto fan in man: "Deze pedofiel is betrapt op een kinderpornosite, heeft meerdere pogingen gedaan om af te spreken met jonge kinderen", sette hy dêrby. Ek it adres fan de man stie op de poster fermeld.
De gefolgen foar it slachtoffer wienen grut: de ruten fan syn hûs waarden trije kear ynsmiten, wêrnei't de man syn taflecht socht yn in hotel.
De fertochte hie syn ynformaasje fan Facebook helle. De rjochter fûn dat gjin betroubere boarne en lei de Ljouwerter in wurkstraf op.