LWD Basket ferliest mei lyts punteferskil fan Donar yn Grins

LWD Basket yn in earder wedstriid tsjin Donar
LWD Basket yn in earder wedstriid tsjin Donar © Dijks Media
LWD Basket hat woansdei de útwedstriid tsjin Donar út Grins ferlern mei 57-52. De Ljouwerters makken it de Grinzers net maklik yn de njoggende kompetysjewedstriid fan it seizoen.
Beide teams giene hieltyd aardich lykop. De earste twa kwarten giene mei lyts ferskil nei Donar (19-17 en 28-25). De Ljouwerters kamen dêrnei werom yn de wedstriid en it tredde kwart waard ôfsluten yn it foardiel fan de LWD Basket (46-40).
De slotfaze wie tige spannend, mar flak foar tiid skoarde Donar in trijepunter en pakte dêrmei de winst.