FIDEO: Nasjonale Frijwilligersdei by de kavia-opfang yn Bakkefean

Foar de kavia-opfang yn Bakkefean binne frijwilligers fan grut belang
It is Nasjonale Frijwilligersdei: eltsenien dy't him foar in oar of foar de wrâld ynset, fertsjinnet tongersdei wat ekstra omtinken. Sa ek Ingeborg van Veen, fan de kavia-opfang yn Bakkefean.
Al acht jier helpt Ingeborg by it opfangen en it ûnderhâlden fan de bistjes, mar ek by it finen fan in nij thús. Sûnt fiif jier docht se dat wurk fulltime.
Sy riedt it eltsenien oan om frijwilligerswurk te dwaan: en wa't fan kavia's hâldt, hat by Stichting Cavia ek nochris in ekskús om mei de bistjes te krûpen.