Friezen moatte de sûnste Europeanen wurde: sa wol De Friesland soarch foarkomme

Soarchfersekerder De Friesland
Soarchfersekerder De Friesland © De Friesland
Friezen moatte yn 2040 de sûnste ynwenners fan Europa wêze. Dat is it doel fan soarchfersekerder De Friesland en de Fryske soarchoanbieders. Der wurde op it stuit tal fan ôfspraken makke om dat doel te berikken.
Dy ôfspraken wurde fêstlein yn akkoarten. Sa is der it IZA (Integraal Zorg Akkoord). Dat wurdt sletten mei gemeenten en tal fan oare soarchoanbieders en helpferlieners lykas de húsdokters.
"We willen daar concrete afspraken mee maken om te kijken hoe je zorg en welzijn bereikbaar houdt", seit Rutger de Vries. Hy is manager soarchynkeap by De Friesland.

Sûnere libbensstyl

It doel is om te wurkjen oan programma's dy't foarkomme dat minsken soarch nedich ha, bygelyks troch in sûnere libbensstyl. It wurdt tiid om no troch te pakken, fine se by de soarchfersekerder. De akkoarten dy't no makke wurde, moatte dêrby helpe.
De Vries: "Dat plan voor de regio is nodig om op langere termijn zorg te houden. De beweging die we in willen zetten, is dat we gaan van zorg naar gezondheid."
Dêrmei doelt hy op previnsje: foarkomme dat minsken soarch nedich ha.
Sportskuon mei Fryske sokken
Sportskuon mei Fryske sokken © ANP
It útgongspunt fan it nije belied is it saneamde Regiobeeld, dat begjin july presintearre is. Dêryn wurdt sketst hoe't it derfoar stiet mei de soarch yn de provinsje. Dúdlik is dat Fryslân fergrizet en dat hat konsekwinsjes foar de soarch.
Sa is der mear ferlet fan medysk spesjalisten. Ek is der in grut tekoart oan húsdokters, benammen yn Ljouwert en op It Hearrenfean.
De rol fan gemeenten wurdt grut, wit ek De Vries. "Daar moeten we het gesprek met elkaar over aangaan: Hoe krijgen we dit wel voor elkaar."

2,8 miljard fan it Ryk

Foar gemeenten kin dit somtiden best lêstich wêze. Troch besunigingen is net oeral jild foar beskikber. De Vries: "Daarover kun je in gesprek met de ministeries."
Der is jild beskikber fan it Ryk: "Landelijk is er 2,8 miljard euro beschikbaar gesteld voor deze akkoorden en voor de veranderingen", seit De Vries. De Fryske gemeenten kinne der foar in part gebrûk fan meitsje.
In yoga-sesje yn it sintrum fan Ljouwert
In yoga-sesje yn it sintrum fan Ljouwert © ANP
It is needsaak, sa fine se by De Friesland. As minsken sûn binne en gjin soarch nedich ha, komme se der ek net. De Vries: "Dat is waarom we de beweging maken fan zorg naar gezondheid."

Inoar helpe

Der moat in soad barre om de ambysje te realisearjen om fan Friezen de sûnste minsken fan Europa te meitsjen. By De Friesland sjogge se leafst yn eltse stêd, doarp of wyk in plak dêr't minsken inoar moetsje kinne. As je inoar kenne, kinne je inoar ek helpe om mentaal sûn te bliuwen of te wurden, sa is de gedachte.