Oerlêst troch opknapbeurt Tsjerk Hiddesslûzen Harns: "Hâld rekken mei mear reistiid"

In stik brêge wurdt fan de Tsjerk Hiddesslûzen takele
In stik brêge wurdt fan de Tsjerk Hiddesslûzen takele © Omrop Fryslân
Stikken brêge bongelen woansdei boppe Harns. De brêge fan de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns wie nedich oan in opknapbeurt ta. Oant en mei freed hat it projekt ek gefolgen foar ferkear oer de dyk en it wetter.
"Dizze brêge komt al út 1951", seit projektlieder en útfierder Jeroen Koelman fan de provinsje Fryslân. "Sûnt dy tiid hat er der net mear út west. Alles hat syn tiid en dus ek dizze brêge, hy is gewoan oan grut ûnderhâld ta."
De brêge fan de Tsjerk Hiddesslûzen wurdt renovearre
De brêgeparten wurde nei it yndustryterrein brocht om dêr folslein renovearre te wurden. Yn de tuskentiid leit der in tydlike brêge. Dy moat der freed lizze. Yn febrewaris wurdt dan de orizjinele brêge werompleatst.

Skipfeart

De skipfeart hat de measte hinder fan de wurksumheden. Skippen koene dizze wike fjouwer dagen net troch de slûs. Nei freed - as de needbrêge der leit - jildt noch in trochfarhichtebeheining.
"De measte skippen kieze derfoar om hjir net del te gean. As sy wol kieze om nei de Fryske binnenwetters te gean, moatte sy fia Koarnwertersân, De Lemmer of Starum", seit Koelman.
Jeroen Koelman, projektlieder en útfierende fan de provinsje
Jeroen Koelman, projektlieder en útfierende fan de provinsje © Omrop Fryslân
De hinder foar de skippen is ek ien fan de grutste redenen dat de provinsje besletten hat de brêge yn de winter te renovearjen. "No farre der nammentlik gjin rekreaasjeskippen, gjin brune float."

It ferljochte paad

Automobilisten moatte in stik omride. Sa ek de pindelbussen dy't tusken de parkearterreinen en de haven fan Harns hinne en wer ride.
"Rederij Doeksen hat dêrom dizze dagen twa kear safolle pindelbussen ynset. Reizgers moatte rekken hâlde mei wat mear reistiid."
Minken dy't kuierje of fytse, binne lykwols like lang dwaande. Foar in oar part fan de slûs is in tydlike oplossing betocht. Mei platen en stekken is in fyts- en kuierpaad oanlein, moai ferljochte troch krystferljochting.
De wurklju draaie dizze dagen tsjinsten fan 12 oeren, sa kin dei en nacht trochwurke wurde en bliuwt de hinder safolle mooglik beheind.