Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen: "Wedstrijd tegen PSV is een mooie test"

Kees van Wonderen
Kees van Wonderen © Orange Pictures
Hearrenfeanspiler Pawel Bochniewicz hat noch altyd lêst fan syn rêch en is der dêrom net by yn de wedstriid tsjin PSV. Trainer Kees van Wonderen hat wol goeie hoop dat de Poal foar de winterstop wer meidwaan kin.
Sa hopet hy dat Bochniewicz de lêste twa wedstriden tsjin Volendam en Vitesse (beker) wer meidwaan kin.
Patrik Wålemark siet tsjin Almere City wol by de seleksje, mar hy makke doe gjin spylminuten. Van Wonderen wol lykwols net sizze oft hy wer kiest foar Ché Nunnely of foar Wålemark.

PSV hast net te ferslaan

Hearrenfean spilet tongersdei om 18.45 oere yn Eindhoven tsjin PSV. De wedstriid wurdt foar it wykein spile, omdat de Champions League-dielnimmer derfoar kieze mei in tal wedstriden nei foaren te heljen.
PSV is dwaande mei in geweldich seizoen. Hoe wapenje jinsels tsjin in ploech dy't oant no ta alles (14 wedstriden en 42 punten) wûn hat? Kees van Wonderen: "Door het net zo te benaderen als we anders ook doen."
Kees van Wonderen sjocht de wedstriid tsjin PSV as in "supermooie test"
De kwaliteiten fan PSV lizze foaral foaryn, dêr't se in soad spilers ha dy't skoare kinne. "We weten dat PSV heel sterk oogt. De ongeslagen koploper en bij de laatste 16 in de Champions League. Dat is een mooie test."

Ferskil tusken PSV en Hearrenfean gigantysk

It ferskil tusken PSV en de rest fan de earedivyzje is mominteel grut. Sels Feyenoord hat no 10 punten efterstân. Mar Van Wonderen fynt dat ferskil tusken de top en de oare klups hiel logysk.
"Mensen verbazen zich wel eens over het verschil tussen de top en de rest. Maar als je kijkt naar de mogelijkheden en het verschil in kwaliteit, dan is dat helemaal niet gek. PSV doet het nu natuurlijk uitzonderlijk goed. Maar je hebt het over honderden miljoenen verschil. Dan moet je zelf een goede dag hebben en zij een slechte dag, wil je erbij in de buurt komen."
Sven van Beek genietet fan it spyljen by Hearrenfean
Sven van Beek skoarde ôfrûne freed tsjin Almere City. It wie noch mar syn fyfde goal yn de earedivyzje. De 29-jierrige ferdigener skoarde foar it lêst op 10 april 2021 foar Hearrenfean, tsjin FC Grins. "Het is niet iets wat ik vaker doe, dus daar ben ik blij mee. Dat was een mooie teamprestatie. Het was een mooie uitgespeelde goal."

Luuk de Jong tsjinhâlde

Tongersdei mei Van Beek besykje de nul te hâlden en Luuk de Jong tsjin te hâlden. Net in ienfâldige opjefte. PSV skoarde dit seizoen yn 14 wedstriden 50 kear en De Jong makke der 10.
Mar Van Beek is derfan ûnder de yndruk. "Ik ga uit van mijn eigen krachten. Ik speel vooral op intuïtie. Dat is ook de reden dat ik altijd weer boven water ben komen drijven. Ik heb vaker tegen gestaan. En dat ging over het algemeen goed."
PSV mist Teze, Veerman in fraachteken
PSV mist sa goed as wis Jordan Teze. De ferdigener foel snein út doe't hy botste mei Quilindschy Hartman. Hy hold der in blessuere oan de holle oan oer en trainde dizze wike yndividueel mei.
Joey Veerman foel ek út, mar de kâns dat hy meidocht is in stik grutter. De âld-Hearrenfeanspiler trainde dizze wike wol wer mei. Armel Bella-Kotchap is al langer blessearre. Noa Lang en Hirving Lozano wiene der tsjin Feyenoord ek net by en de kâns is lyts dat dy ek wer oanslute.
De wedstriid PSV - sc Hearrenfean begjint tongersdei om 18.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.