Sunneklaasfeest rint út de hân: konflikt tusken Amelanners en sjoernalisten PowNed

Fjoertoer Amelân
De fjoertoer fan It Amelân © ANP Foto
De plysje docht ûndersyk nei in konfrontaasje tusken bewenners fan It Amelân, en in kameraploech fan de omrop PowNed. De omrop wie mei in ferslachjouwer, in kameraman en in befeiliger op it eilân om ferslach te dwaan fan it Sunneklaasfeest.
Om 18.00 oere hinne krige de plysje in melding fan in konfliktsituaasje op it eilân, wêrby't ferskate minsken belutsen wienen. Doe't de plysje teplak wie, binne de groepen útinoar helle en binne der petearen holden mei belutsenen fan beide partijen.
De PowNed-meiwurkers ferklearje dat se efterfolge waarden yn har auto en dat se op in stuit oanriden binne. De plysje hat besocht om harren noch deselde jûns mei in boat nei de fêste wâl te bringen, mar it wie te tsjuster en de see te rûch om te farren.

Beide partijen dogge oanjefte

Doe binne de sjoernalisten nei in hotel brocht. De plysje hat dat hotel nei eigen sizzen ekstra yn de gaten hâlden. Der binne noch gjin minsken oanholden. Beide partijen hawwe neffens de plysje oanjefte dien.
PowNed-foarsitter Dominique Weesie hat bylden fan it ynsidint dield op X:
De sjoernalisten binne wer feilich fan it eilân ôf. De omrop hat opnamen fan de gebeurtenissen woansdei om 18.00 oere hinne online set.
Weesie hat tiisdeitejûn demisjonêr justysjeminister Dilan Yesilgöz om help frege. Neffens Weesie ûndernaam de plysje pas aksje tsjin de eilanners nei't er belle hie mei de minister.
"Ons team werd klemgereden door een twintigtal hooligans met zwarte capuchons", fertelt Weesie. "Het ging al fout zodra we van de boot afkwamen, ons team had nog geen beeld gedraaid."
Doe't de sjoernalisten mei de skansearre auto by de plysje oankamen, seinen aginten neffens Weesie "dat ze vast een boom hadden geschampt. Ze konden onze veiligheid niet garanderen en raadden ons aan het eiland te verlaten."

Gemeente betreuret gong fan saken

De gemeente Amelân is op 'e hichte fan it ynsidint. Yn in statement lit de gemeente it folgjende oer it ynsidint witte: "Dat betreuren wij zeer. We keuren uiteraard het gebruik van geweld af."
In fierdere taljochting wol boargemaster Leo Pieter Stoel net jaan. PowNed wie earder al by him foar in reportaazje oer it Sunneklaasfeest.
De boargemaster sei doe al dat de ferslachjouwers net wolkom wêze soene en dat de eilanners it net op priis stelle soene as PowNed dochs komme soe. "Het is een feest van en voor eilanders. Oftewel, een feest dat Amelanders graag met elkaar vieren."

Parsefrijheid

It tsjinhâlden fan sjoernalisten is dreech te ferienigjen mei de parsefreijheid dy't yn Nederlân jildt. Filmje yn de iepenbiere romte mei net ferbean wurde, sa seit ek wurdfierder Anne Kok fan de plysje. Ek geweld tsjin sjoernalisten falt net goed te praten, sa erkent sy. "Wij nemen dit dan ook hoog op".
Sunneklaas is in bysûndere en wat heimsinnige tradysje, dy't de Amelanners by foarkar foar harsels hâlde. Amelanner manlju rinne fan fiif oere middeis ôf alhiel ferklaaid en mei maskers op troch de fjouwer doarpen op it eilân. Jongfolk ûnder de 18 jier en froulju moatte binnendoar bliuwe. Wa't dat net docht, wurdt mei stokken yn 'e hûs jage.
As de omgong mei de ferklaaide manlju foarby is, wurdt der feestfierd yn ien fan de 'iepen huzen' dy't dêrfoar ynrjochte wurde. Froulju dogge der ferstannich oan om yn ien fan dy huzen te wachtsjen op it momint dat se meidwaan kinne oan it feest.