Nije Fryske Keamerleden ynstallearre: "Earst mar even der ynkomme"

Max Aardema fan de PVV leit de eed ôf
Max Aardema fan de PVV leit de eed ôf © ANP Foto
Fjouwer Friezen binne woansdei ynstallearre as Keamerleden yn de nije Twadde Keamer. It giet om Max Aardema fan de PVV, Aant Jelle Soepboer fan NSC, Aukje de Vries fan de VVD en Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA. Allen leinen se de eed yn it Frysk ôf: "Dat ferklearje en ûnthjit ik."
It brûst yn de Twadde Keamer. Alle Keamerleden begjinne de dei mei in lunsj, dêr't famylje en freonen ek wolkom binne. Mar dat betsjut net dat de polityk stilleit.
As NSC'er Aant Jelle Soepboer fan Nijewier nei boppen ta giet om syn keamer sjen te litten, wurdt er oansprutsen troch Grinslanner Keamerlid Sandra Beckerman fan de SP. Oft er kofje drinke wol, dan kinne se oerlizze oer saken yn it Noarden.
Sa gie de eed fan de nije Keamerleden
Foar Soepboer en Max Aardema (PVV) is it de earste dei yn de Twadde Keamer. Se fine it moai om útein te setten.
"Wy ha earst tydlik in wjuk op de achtste ferdjipping", seit Soepboer, "Yn febrewaris moatte we werom nei de sande ferdjipping, dus der moat wol wat hinne en wer ferhuze wurde. It is efkes behelpen."
"It is noch wol in putsje om alle logistike dingen te regeljen", seit Aardema dy't noch gjin eigen wurkkeamer hat. "Earst mar even der ynkomme. We sille it rêstich oppakke. We sette goed troch en dan komt dat fêst wol goed."
Foarearst is der noch gjin nij kabinet, mar neffens Soepboer is der genôch te dwaan de kommende tiid: "Jo kinne wol folút meidraaie yn kommisjes en plenêre gearkomsten, jo kinne fragen stelle. Yn prinsipe is it wol echt, mar der sit wol in demisjonêr kabinet.
Nije Fryske Keamerleden ynstallearre: "Earst mar even der ynkomme"
Ek demisjonêr steatssekretaris Aukje de Vries fan de VVD giet wer de Keamer yn, lykas sittend Keamerlid Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA. Se hawwe der sin oan om oan de slach te gean.
"Dan realisearje je wer dat it net fanselssprekkend is om Keamerlid te wêzen", seit De Hoop, "Je binne ien fan de 150 minsken dy't meibepale kinne oan it belied fan Nederlân. It is hiel bysûnder om dy eed wer út te sprekken."
Foar De Vries fielt de ynstallaasje as Keamerlid "wat frjemd". Se is op dit stuit noch dwaande as demisjonêr steatssekretaris en giet ûnder oare oer de taslaggenaffaire: "Je fiere noch wol dy debatten yn de Keamer. Mar it is wichtich dat myn wurk trochgiet, foar alle dupearre âlders en bern."
De fjouwer Friezen komme út de fjouwer grutste partijen, dy't by-inoar 106 fan de 150 sitten hawwe. Je soene stelle kinne, dat der foar Fryslân dus in soad regele wurde kin.
"Dêr hie ik net samar oer neitocht", seit De Hoop, "Ik hoopje dat wy dan mei-inoar in soad foarinoar krije kinne. It belang fan Fryslân sille wy ús goed foar ynsette."
Fjouwer Friezen yn de Twadde Keamer is wat meager miskien.
Aukje de Vries fan de VVD
"Dêr wêr't it ik kin sil ik seker myn earen spitsen as it oer Fryslân giet", seit Aardema, "We moatte fansels ynsette foar it hiele lân. Mar as Fryslân oan bar komt, bin ik der seker by."
"Fjouwer Friezen yn de Twadde Keamer is wat meager miskien", seit De Vries, "Mar ik tink dat wy ús mei hert en siel ynsette sille foar Fryslân, de taal en de kultuer."
Soepboer neamt it sels ien fan de wichtichste redenen wêrom't er nei Den Haag gien is. "Jimme witte fan my dat de Fryske taal my oan it hert giet en dat ik my dêr altyd foar ynset haw. En dat sil ik ek seker dwaan bliuwe."

Seis kear

De Fryske eed wie trouwens noch twa kear faker te hearren. Ek de Friezen om utens Martine van der Velde fan de PVV en Folkert Idsinga fan NSC dienen de eed yn it Frysk.