Aksje foar it behâld fan rûnfeartboat Simmerwille: "Hy heart op De Jouwer"

Danny Bosma foar de Simmerwille
Danny Bosma foar de Simmerwille © Omrop Fryslân
Ynwenners fan De Jouwer komme yn aksje foar rûnfeartboat Simmerwille. De boat stiet yn de ferkeap, mar guon Jousters wolle it foar de flekke behâlde. Sy roppe op om mei de tinken oer de takomst fan de ferneamde boat.
De Simmerwille leit rêstich te dobberjen op syn lisplak op De Jouwer. It ôfrûne jier hat it skip net yn gebrûk west. Jannie Brouwer wie it gesicht fan Simmerwille en hold it bedriuw de lêste tritich jier draaiende, mar yn novimber kaam sy te ferstjerren.
Danny Bosma wol rûnfeartboat Simmerwille behâlde, it is in begryp op De Jouwer
De boat waard in soad brûkt troch Jousters, bygelyks foar houliken, jubilea, jierdeis en bedriuwsfeesten. Dat moat sa bliuwe, fynt Danny Bosma. "Hy heart eins op De Jouwer. It is sa'n moai skip, hy is mear as hûndert jier âld. As it skip hjir aanst weigiet, tink ik wol dat wy him misse sille."
De boat hat al in lange skiednis: it waard yn 1916 boud om mei fetten lynoalje te farren. Troch de komst fan de frachtwein kaam de boat oan de kant te lizzen. It waard omboud ta motorjacht en yn 1930 waard it Leger des Heils eigener.
Nei syn wurk as evangelisaasjeskip kaam it yn hannen fan ferskate partikulieren. Yn 1968 kocht Piet Brouwer de rûnfeartboat oer. De klassike salonboat fear sûnt dy tiid ûnder de namme P. Brouwer en it waard in begryp op De Jouwer.
Bosma sette in oprop op Facebook om mei te tinken oer de takomst fan it skip. "Wy ha al in hiel soad reaksjes krigen, foaral fan ûndernimmers. De ien wol him yn de hoareka brûke, de oar wol him sels hawwe. Der binne sels minsken dy't der op wenje wolle."
De Simmerwille
De Simmerwille © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Makeler Fikkers hat it skip no yn de ferkeap. It bedriuw jout oan oan dat de famylje de foarkar jout oan keapers dy't it skip op De Jouwer hâlde wolle en trochgean wolle mei de rûnfearten. Neffens de makeler is der al út meardere hoeken belangstelling foar.

Meardere aksjes

Danny Bosma is net de iennige dy't aksje ûndernimt: "Der is noch in groep dy't dermei dwaande is. Dêr ha wy aanst in gearkomste mei en dan sjogge wy wat derút komt."
Dy gearkomste moat net te lang mear duorje, fynt Bosma. "As je in leafhawwer ha dy't in goeie priis biedt, is er fuort. Der moat wol aksje komme."