Nije poëzijtegel mei striidber fers fan Fedde Schurer foar de Ljouwerter rjochtbank

Deputearre Eke Folkerts ûntbleatet de nije poëzijstien mei de tekst fan Schurer op it Saailân
Deputearre Eke Folkerts ûntbleatet de nije poëzijstien mei de tekst fan Schurer op it Saailân © Omrop Fryslân
Foar de Ljouwerter rjochtbank is woansdei in nije poëzijtegel ûntbleate mei in striidber fers fan de Fryske dichter Fedde Schurer.
It giet net om in primeur, want in lytsere stien mei deselde tekst leit al sûnt 2001 by de yngong fan it Ljouwerter gerjochtshôf. Dy stien wurdt yn de praktyk gauris troch it útgeanspublyk brûkt as fytsestalling en is net mear te lêzen.
Dat kin net, fynt de Stichting Poëzietableaus Leeuwarden. De stichting fynt de tegel wichtich, fanwege de histoaryske kontekst fan Kneppelfreed.
Op dy dei, 16 novimber 1951, moast Fedde Schurer, doe haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, foarkomme fanwege it misledigjen fan in kantonrjochter dy't gjin Frysk ferstean woe. De oanhingers fan Schurer koene de saak net bywenje en leveren op dy dei slach mei de plysje op it Saailân.
De âlde poëzijstien wurdt yn 'e praktyk gauris brûkt as fytsestalling en is bot fertutearze
De âlde poëzijstien wurdt yn 'e praktyk gauris brûkt as fytsestalling en is bot fertutearze © Omrop Fryslân
"It wie in markant punt yn de striid foar de emansipaasje foar it Frysk", seit Johanneke Liemburg, biograaf fan Fedde Schurer. "It hat laat ta wetjouwing foar de posysje fan it Frysk yn de Nederlânske rjochtssteat."
By de betinking fan 50 jier Kneppelfreed yn 2001 kaam Arno Brok, doe wethâlder fan kultuer fan Ljouwert, mei it foarstel om Schurer in poëzijtegel te jaan.
Op de tegel stiet de folgjende tekst: "Lit dan krûpe dat net gean doar, lit dan bûge dat net stean doar, dy't net krûpen learde giet, dy't fan bûgjen frjemd bleau stiet, heech it hert heech de kop, Frysk bloed tsjoch op. "

Leafdesfers

"Dit fers past goed by de manifestaasje fan Kneppelfreed. Ik snap dêrom dat der yn 2002 foar dit fers keazen is. Mar yn dizze tiid soe ik leaver foar it kwatryn fan Schurer oer de leafde kieze", sei Liemburg yn har taspraak.
"Leavje dyn neiste mei dyn hiele hert, leavje dyn alderneiste en freegje net, beachtsje it blinken fan dyn flechtige stûnen, haw leaf haw leaf, want moarn is it te let."

Frysk yn de rjochtbank

Presidint Fred van der Winkel fan de rjochtbank Noard-Nederlân wie ek oanwêzich by it ûntbleatsjen fan de poëzijstien. Der is noch hieltyd diskusje en sa út en troch ek wol argewaasje oer it brûken fan it Frysk foar de rjochtbank, mar neffens Van der Winkel wurdt dêr hurd oan wurke.
"Het bord aan de gevel krijgt binnenkort een Friese tekst", seit Van der Winkel. "We gaan niet alleen het bord aan de gevel veranderen, we zijn veel groter aan het kijken wat we kunnen verbeteren voor het Friestalige."