Harns wol yllegale ferbou hurder oanpakke nei akkefytsjes yn eardere hûs Piet Paulusma

It pân op it Franekereind yn Harns
It pân op it Franekereind yn Harns © Omroep Zilt, Richard de Boer
De gemeente Harns wol hurder optrede kinne tsjin minsken dy't sûnder tastimming in monumintaal pân ferbouwe. Dat seit wethâlder Erik de Groot nei't in boustop in jier lang de wurksumheden yn it eardere hûs fan Piet Paulusma stillein hat.
It pân op it Franekereind, flakby de trije brêgen, is in gemeentlik monumint. It waard oarspronklik yn 1858 boud as boargemasterswenning en wie fan 2014 ta syn ferstjerren yn maart 2022 it wen- en wurkadres fan waarman Piet Paulusma.
De nije eigener krige yn oktober 2022 fan de gemeente in boustop oplein, om't er begûn wie it ynterieur te ferbouwen wylst der gjin fergunning ferliend wie. Dêrby blieken histoaryske eleminten fan it plafond, de massyf houten doarren en de moarmeren flier yn de hal ferwidere te wêzen, sa stelde in tafersjochhâlder fan de gemeente fêst.
Men raust er iets uit en vervolgens leggen wij een bouwstop op, maar het leed is dan al geschied. Brutalen hebben de halve wereld.
Wethâlder Erik de Groot
"Vanuit oogpunt van erfgoed ben ik hier helemaal niet blij mee", seit wethâlder Erik de Groot. "Om het maar plat te zeggen: men raust er iets uit en vervolgens leggen wij een bouwstop op, maar het leed is dan al geschied. Brutalen hebben de halve wereld."
De foarkant fan it gebou
De foarkant fan it gebou © Omroep Zilt, Richard de Boer
Yn de histoaryske binnenstêd fan Harns steane mear as 500 ryksmonuminten, sa'n 140 gemeentlike monuminten en dêrneist noch goed 400 byldbepalende pannen. It is net foar it earst dat der yn ien fan dy monumintale pannen eat sûnder tastimming ferboud of ferwidere wurdt.
"Als we controle doen, komt het wel vaker voor dat er een kozijntje blijkt te zijn vervangen op een zondagmorgen, of dat er iets niet meer aanwezig is." De gemeente hat it erfgoed heech yn it findel en dêrom wol De Groot sjen oft der stranger optreden wurde kin. "We willen onderzoeken of er op het moment dat zoiets weer gebeurt direct een geldboete kan worden opgelegd."
Sa'n finansjeel ynstrumint is der no noch net, omdat dêr in beliedsregel oan 'e grûnslach lizze moat. "Komend jaar werken we aan een erfgoedvisie en daarin zal dit instrument onderwerp van onderzoek zijn."

Boustop fan in jier

De wurksumheden yn it pân oan de Franekereind hawwe troch de boustop in jier lang stillein. Yn dy perioade waard in fergunning foar ynterne renovaasje oanfrege, wêrby't in soad hinne en wer kommunisearre is tusken de monumintekommisje, welstânskommisje Hûs en Hiem en de eigener. It bouplan moast op tal fan punten oanpast wurde.
Sa wienen der neist de foargoed ferdwûne binnendoarren, plafondornaminten en moarmeren flier ek soargen fan Hûs en Hiem oer flierdielen dy't fuort helle wienen foar lift. De monumintekommisje hammere derop dat de histoaryske kachels en de goatstien behâlden bliuwe moatte. De eigener hat dit oplost troch foarsetwanden te pleatsen.
Uteinlik is de fergunning ferliend op 30 oktober fan dit jier, mar wol mei it betingst dat der wer massive panieldoarren pleatst wurde en yn de hal in moarmeren flier weromkomt. De stripte plafondornaminten en lambrisearring hoege net werom, omdat nei ûndersyk blykt dat dy net út de oarspronklike bouperioade komme.
"Er is in het verleden ook wel meer verbouwd in het pand, zoals een dakkapel en een inpandig terras waar Piet z'n televisieopnames deed", seit De Groot. "En de waarde van dit gemeentelijk monument zit voornamelijk aan de buitenkant, de tijdsperiode en de locatie."
De sydkant fan it pân dêr't de nije garaazje komme moat
De sydkant fan it pân dêr't de nije garaazje komme moat © Omroep Zilt, Richard de Boer
Mar ek de bûtenkant fan it monumintale pân bliuwt net ûnoantaaste. Oan de sydkant fan it gebou wol de nije eigener in garaazje bouwe, mei in yn- en útrit op de Oude Turfkade. Dêrfoar hat de gemeente al yn oktober 2022 in fergunning ferliend. Sûnt dy tiis is der op dat plak in bouplak optuge.
Yn de fergunning stiet dat it plan stridich is mei it bestemmingsplan, omdat de garaazje in plat dak krijt en in goathichte leger as acht meter. Mar der is 'geen sprake van een onevenredige aantasting van het bebouwingsbeeld vanuit de ruimtelijke ordening'. Ek soe it plan foldwaan oan 'redelijke eisen van welstand'.
Net terjochte, fynt de Vereniging Oud Harlingen, dy't ein ferline jier beswier yntsjinne hat en bystien wurdt troch in advokaat. Neffens de histoaryske feriening wurdt it beskerme stedsgesicht flink fersteurd troch sa'n garaazje. Boppedat is der fersomme om archeologysk ûndersyk te dwaan op de lokaasje fan de garaazje.
De skets fan de nije garaazje
De skets fan de nije garaazje © Buro Ligthart
Yn opdracht fan Oud Harlingen hat de ûnôfhinklike welstânsorganisaasje Libau in second opnion útfierd. Se konkludearje dat it bouplan op ferskate punten net foldocht oan de welstânsnota. Sa foarmet de garaazje 'geen architectonische eenheid' mei it wite monumintale pân en is it materiaal- en kleurgebrûk der ek net op ôfstimd.

Beswier ôfwiisd

De beswierskriftekommisje fan de gemeente hat it kolleezje fan B en W advisearre om de fergunning opnij te besjen. Dochs hat de gemeente it beswier fan Oud Harlingen nei moannen fan wachtsjen ôfwiisd.
"Dat de garage vergund is, staat niet ter discussie", sa is de gearfetting fan wethâlder De Groot. "Je kunt het mooi of lelijk vinden, maar het kan volgens de welstandstoets." Fierder soe archeologysk ûndersyk net nuttich wêze, omdat de fundearring fan de garaazje net sa djip giet om dat ûndersyk te fereaskjen.
Oud Harlingen oerwaacht no fierdere stappen en is mei in advokaat alle juridyske opsjes oan it bepraten.