Liveblog | 6 desimber 2023

112-nijs 6 desimber: Auto mei gniisgastanks tsjin beam | Brân yn De Wylgen gau ûnder kontrôle

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 6 desimber 2023, 22:15
22:15

Auto mei gniisgastanks tsjin beam by Gytsjerk

Auto botst tsjin beam by Gytsjerk
Auto botst tsjin beam by Gytsjerk © CAMJO media
Twa ynsitters fan in auto binne útnaaid, neidat se mei in auto tsjin in beam botsten. It ynsidint barde oan de Canterlandseweg yn Gytsjerk. Tsjûgen seagen twa manlju útstappen en it doarp yn rinnen.
Yn de efterlitten, skansearre auto hat de plysje gniisgastanks oantroffen. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.
18:11

Brân yn de Wylgen gau ûnder kontrôle

De skoarstienbrân yn in hûs oan de Biskopswei yn De Wylgen is ûnder kontrôle. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer him útwreide nei it dak en sette dêrnei yn op brân yn de flier fan de wenning.
Der wurdt noch neikontrôle dien. Stichting Salvage is ynskeakele om de bewenners te helpen mei de ôfhanneling fan de fersekering.
17:41

Skoarstienbrân yn De Wylgen

Brân yn De Wylgen
Brân yn De Wylgen © SRFotografie
De brânwacht is oproppen foar in skoarstienbrân oan de Biskopswei yn De Wylgen. Fanwege de wetterfoarsjenning is der opskaald nei grutte brân. De brânwacht is oanwêzich mei ûnder oare in tankautospuit en in heechwurker.
In oantal strjitten om de Biskopswei hinne is ôfset. De brânwacht ropt minsken op út de buert te bliuwen en de helpferlieners de romte te jaan.
15:55

Twangsom oplein oan strjitdealer yn Noardeast-Fryslân

De gemeente Noardeast-Fryslân hat in twangsom oplein oan in ynwenner, omdat dy op strjitte hannele yn drugs. It wie de earste kear dat sa'n twangsom oplein waard, neidat op 8 novimber in nije beliedsregel hjirfoar fan krêft waard.
De persoan is yn syn wenning oanhâlden. Yn it hûs waard harddrugs oantroffen en ek yn de auto fan de man. Tsjûgen en oanwizingen yn syn telefoan joegen oan dat er al langer yn harddrugs hannele, ek oan minderjierrigen.
07:45

Frou nei it sikehûs nei wenningbrân yn Drachten

In frou út Drachten is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht nei't er brân útbruts yn har wenning. De brânwacht yn Drachten is fan 'e moarn om 6.00 oere hinne op in melding fan in wenningbrân oan De Dracht ôfkaam. Der kaam reek út de wenning. De brânwacht hat in de brân fan binnen út blust.
It is net dúdlik hoe't de brân yn de wenning ûntstien is.
brân Drachten
Brân oan De Dracht © SRFotografie
06:48

Minderjierrige jonge út Noardeast-Fryslân behearde chatgroepen foar yllegale fjoerwurkhannel

De plysje hat fjouwer chatgroepen op Telegram blokkearre dy't bedoeld wienen foar de hannel yn yllegaal fjoerwurk. In minderjierrige jonge út Noardeast-Fryslân behearde dy groepen, mei yn totaal 9000 leden.