UNIS Flyers nei finale BeNe League Cup nei oerwinning op Herentals

UNIS Flyers fier de oerwinning
UNIS Flyers fiert de oerwinning © Martin de Jong Fotografie
De UNIS Flyers hawwe harren pleatst foar de finale fan de BeNe League Cup. Yn de heale finale wienen de Feaster iishockeyers oer trije wedstriden te sterk foar HYC Herentals.
Sneon ferlearen de Flyers de earste wedstriid yn Thialf en snein wûnen se de return yn België. De tredde wedstriid moast dus de beslissing bringe.

Spannende tredde wedstriid

Yn dy tredde wedstriid waar de skoare pas oan de ein fan de twadde perioade iepene. Herentals naam de lieding fia in goal fan Mitch Morgan.
Flyers yn aksje yn de heale finale fan de beker
Flyers yn aksje yn de heale finale fan de beker © Dijks Media
Yn de lêste perioade setten de Flyers oan en al gau wie de efterstân omdraaid yn in foarsprong. Earst skoarde Henri Ruotsalainen út in power-play en efkes letter wie Frankie Pucci trefseker.
Alexander Vasilyev skoarde dêrnei de 2-2, mar Pucci sette de Flyers efkes letter wer op foarsprong nei in power-playsituaasje. Yn de lêste minút fan de wedstriid besliste Pucci de wedstriid mei syn tredde goal: 4-2.
Yn de finale fan de BeNe League Cup sille de Flyers it opnimme tsjin Snackpoint Eaters Limburg.