Spitse en Casparij pakke mei Oranje op sensasjonele wize groepswinst yn Nations League

Nederlân belibbet in kranksinnige jûn
Nederlân belibbet in kranksinnige jûn © Orange Pictures
It Nederlânsk alvetal mei de Friezinnen Sherida Spitse en Kerstin Casparij is nei in kranksinnige jûn groepswinner wurden yn de Nations League. Oranje makket dêrtroch noch hieltyd kâns op de Olympyske Spelen.
In spannender senario as him tiisdeitejûn ôftekene wie eins net te betinken: foarôfgeand oan de wedstriden tusken Nederlân en België en Skotlân en Ingelân gienen Oranje en Ingelân oan de lieding mei 9 punten. België folge mei 8.

Nederlân en Ingelân dominant

Al gau wie dúdlik dat Nederlân en Ingelân yn harren wedstriden de bettere ploech wienen. Ingelân stie by it skoft al mei 0-4 foar yn Skotlân.
Nederlân spile tsjin België ek dominant en kaam nei 34 minuten fertsjinne op foarsprong fia Lineth Beerensteyn.
Nei it skoft feroare der net in soad oan it spulbyld. Yn de 54e minút fergrutte Beerensteyn de foarsprong nei't de Belgyske doelfrou de bal losliet nei in skot fan Esmee Brugts.
Sherida Spitse hellet út
Sherida Spitse hellet út © Orange Pictures
Yntusken stie Ingelân mei 0-5 foar. Dêrtroch stienen Nederlân en Ingelân net allinnich gelyk yn punten, mar ek yn ûnderling resultaat en doelsaldo. Firtueel stienen de Ingelsen boppe-oan op basis fan it oantal skoarde doelpunten yn alle pûlwedstriden.
Nederlân sette alles op alles om noch mear goals te meitsjen en sa noch kâns te meitsjen op de groepswinst en dielnimming oan de Olympyske Spelen, en yn blessueretiid wie it raak: Damaris Egurrola kopte Oranje nei 3-0.
Mar it jûchheigerop ferstomme in minút letter: Ingelân hie de 0-6 makke en dus wie Nederlân dochs wer útskeakele. Yn Skotlân waard der doe ôffluite.
Mar yn Tilburg wie it noch net klear en yn de lêste minút fan de blessueretiid wie it opnij Egurrola dy't skoarde: 4-0.

Better doelsaldo

Fluch dêrnei folge it einsinjaal. Ingelân einige op 12 punten mei in doelsaldo fan +7, Nederlân finisht ek op 12 punten mei in doelsaldo fan +8 en dus is de groepswinst foar Oranje.
Nederlân mei no mei Frankryk, Dútslân en Spanje meidwaan oan de einronde fan de Nations League. Dêrby steane ek twa tickets foar de Olympyske Spelen op it spul. Frankryk is as gastlân al pleatst en dus moat Nederlân mei Dútslân en Spanje útfjochtsje hokker lannen yn 2024 ek meidwaan meie yn Parys.
"Toen de 3-0 viel dacht ik dat het met nog een paar minuten te spelen wel moest lukken", seit Sherida Spitse tsjin de NOS. Mar flak nei it Nederlânske doelpunt skoarde konkurrint Ingelân nochris tsjin Skotlân. "Toen heb ik wel een aantal keren op die dug-out geramd."
"Langs de zijlijn stonden we met z'n allen het team naar het volgende doelpunt te schreeuwen. Als dat dan valt, dan komt er een ontlading. Dat is fantastisch, want je weet dat het de laatste seconden zijn."