De toan fan Froukje Sijtsma: "Emosjoneel fan hafabra"

Froukje Sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ik kin der net goed de finger op lizze, mar as ik it lûd fan in muzykkorps hear, dan wurd ik faak emosjoneel. Dan krij ik pikefel en kin ik net foarkomme dat der in pear triennen oer de wangen rôlje, ek al wol ik dat hielendal net.
Ek ôfrûne freed. Mei myn freon gie ik nei de foarstelling Ynblaze fan Frysk teaterselskip Tryater. Tusken de gymmatten, basketballen en turnattributen yn in sporthal sykje de leden fan it Jouster Fanfare Orkest in plakje om te repetearjen.
Mei teätermakker Brecht Wassenaar, yn de rol fan saksofoniste Carmen, stean se yn de spotligths fan dizze foarstelling. It publyk sjocht en harket nei in deagewoane repetysjejûn fan in orkest. Mar achter dy yndrukwekkende meldijen bart fan alles by de leden.
De toan fan Froukje Sijtsma
Ynblaze is de earste foarstelling yn in rige fan trije oer de rike tradysje fan Fryske hafabra. Guon korpsen en fanfaren bestean al mear as hûndert jier, mar geregeld falt der ientsje om troch te min leden.
Dochs binne der hûnderten Friezen, fan ferskillende leeftiden en eftergrûnen, dy't elkoar alle wiken trou opsykje om mei inoar muzyk te meitsjen. De ien hoecht der mar in minútsje foar te rinnen, de oar rydt in oere om te spyljen yn it doarp dêr't er opgroeide.
Om ynspiraasje op te dwaan foar dit teäter-trijelûk, gienen ferskillende teätermakkers fan Tryater op besite by mear as tritich fanfaren yn Fryslân. Se wennen repetysjes by, observearren en praten mei diriginten en korpsleden. Wat fine de minsken dêr krekt?
Yn de foar de gelegenheid omtsjoende repetysjeromten yn doarpshûzen, tsjerkegebouwen en sporthallen fine se alle wiken in stikje lok en mienskip. Troch de sosjale kontakten fiele se harren ûnderdiel fan in lytse mienskip, meitsje se mei syn allen wat moais en binne se belutsen by elkoar, ek al is dat soms sûnder wurden.
Sels haw ik spile by it Hallumer Fanfare. In korps dat troch te min leden net mear bestiet. Dat like ús mem doedestiids in moaie wize foar deeglik muzykûnderwiis. Op woansdeitemiddeis krige ik yn in lyts groepke muzykles fan in entûsjaste learaar dy't sels tromboane spile. Doe't ik de bugel in bytsje yn de macht hie, gong ik ek nei de repetysje op moandeitejûns fan it grutte korps. Mar ik fûn der neat oan en dus hâlde ik dermei op.
Ek saksofoniste Carmen, de haadrolspylster yn it stik, wrakselet mei har lidmaatskip. Alle wiken kachelet se nei de repetysje, mar wêrom eins? Om't famylje en bekenden út it doarp dêr spylje?
Oait sei har mem: ast spilest, dan hast gjin terapy mear nedich. En dan sjocht Carmen it. Minsken hawwe wille at se spylje en it regulearret emoasjes. Se reitsje de spanning fan it wurk kwyt at se blaze op koper, slaan har fertriet fan har ôf of litte mei fleurige lûden hearre dat se hartstikkene fereale binne.
It fanfare is emoasje, net allinnich foar de minsken dy't dêr by spylje, mar ek foar publyk dy't der soms ynienen pikefel fan krijt en by wa't samar in pear triennen oer de wangen rôlet."