Enerzjykoöperaasjes wolle mear beliedsromte foar bygelyks in doarpsmûne of sinnegreide

In wynmûne op in boerehiem yn De Fryske Marren
In wynmûne op in boerehiem © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Fryske enerzjykoöperaasjes hawwe ferlet fan mear beliedsromte foar it pleatsen fan in nije doarpsmûne of in stikje sinnegreide. Allinnich dan sil it Fryslân slagje om yn it eigen enerzjyferlet te foarsjen. Dat seit wurdfierder Govert Geldof fan 'Us koöperaasje', it gearwurkingsferbân fan de Fryske enerzjykoöperaasjes.
De provinsje Fryslân naam tiisdei it beslút om de saneamde voucherregeling foar enerzjykoöperaasjes mei in jier te ferlingjen oant ein 2024. Mei dy regeling kin in koöperaasje op syn meast 5.000 euro krije om eksperts yn te hieren foar it meitsjen fan in projektplan.
Govert Geldof út Tsjom is dêr tige oer te sprekken: "Het is net het duwtje dat je nodig hebt om de eerste stap te zetten richting een nieuw project", seit Geldof. Hy hopet dat de oanbelangjende gemeente ree is om der ek nochris 5.000 euro by te lizzen. "Dan heb je in ieder geval geld om een plan te maken en de haalbaarheid van dat plan goed te bekijken."

Noch 80.000 euro yn de pot

Der binne yn Fryslân mar leafst 72 pleatslike enerzjykoöperaasjes, dy't foar it grutste part troch frijwilligers rund wurde. It falt foar de bestjoeren net ta om op frijwillige basis in goed trochtimmere projekt plan te skriuwen en ta in goed ein te bringen.
De vouchers fan de provinsje moatte dêrby helpe, sa is it doel. Der is oant no ta al 52 kear gebrûk makke fan dizze regeling. As it oan deputearre Sijbe Knol leit, bliuwt it dêr net by. "Fryslân hat in waarm hert foar de enerzjykoöperaasjes en dêrom sette we de regeling troch." Der sit op dit stuit noch 80.000 euro yn de pot, genôch foar 16 nije oanfragen.
It lânskip is hiel wichtich foar ús. Dat hâldt yn dat net oeral alles kin
Sijbe Knol
Geldof is der fan oertsjûge dat de kommende tiid ferskate Fryske enerzjykoöperaasjes berop dwaan sille op de voucherregeling. "Er zitten heel wat nieuwe plannen in de pijplijn. Maar, naast een voucher hebben de coöperaties ook beleidsruimte nodig, bijvoorbeeld voor een dorpsmolen of zonnepanelen op het land als de daken al vol liggen."
Knol reagearret hiel hoeden op dizze winsk. "It lânskip is hiel wichtich foar ús. Dat hâldt yn dat net oeral alles kin, mar we sille hjir yn de rin fan 2024 op 'e nij mei de steaten oer yn diskusje gean."

Sinnepanielen kontroversjeel

Geldof fynt dat der yn de enerzjymjuks fan de takomst ek romte wêze moat foar sinnepanielen op it lân. "Je moet daar genuanceerd naar kijken. Als een boer een mestvergister kan combineren met een windmolen en zonnepanelen dan ontstaat er een mini-energiehub, waar een dorp veel aan kan hebben."
Geldof wit dat net elts foar sinnepanielen yn 'e greide is. "Als de mensen het zelf mooi vinden, en we houden goed rekening met het landschap dan is er veel mogelijk."
Knol jout de foarkar oan projekten dy't passe binnen de besteande regels. "It giet meastentiids om in mjuks fan maatregels, lykas sinnepanielen op sportkompleksen, waarmtepompen en soargje datst fan it gas ôf komst."