FIDEO: Duorsumer transport It Amelân kânsriker mei eilânhub

Om't hieltyd mear gebieten oanwiisd wurde as zero-emisjesône, sille nei alle gedachten de Waadeilannen om 2030 hinne ek oan dy noarm foldwaan moatte. Yn in ekstra útstjoering fan De Oertocht sjogge we nei de ferduorsuming fan it ferfier fan en nei It Amelân.
It ûndersyk nei de mooglikheden fan duorsumer transport is dien troch Joris Hettinga en Yvar Steenge, yn opdracht fan de Ryksuniversiteit Grins en Rederij Wagenborg.
Yn de hjoeddeistige situaasje ride frachtauto's (disel) fan it fêstelân ôf, nei de oertocht, streekrjocht troch nei de klant op it eilân. Om it goederentransport nei it eilân duorsumer te meitsjen is neffens de ûndersikers mear nedich as allinnich it ferfangen fan de diselweinen troch elektryske frachtweinen.
Sjoch hjir nei de útstjoering:
De Oertocht oer duorsumer transport fan en nei It Amelân
De supermerken op It Amelân hawwe al in wichtige stap set. Sy hawwe harren ferienige en litte har tsjintwurdich troch ien en deselde transporteur, Ridder & de Vries, befoarriede.
Net alle brânsjes binne al sa fier. De hoareka bygelyks wurket mei ferskate leveransiers, dy't elk mei harren eigen frachtweinen nei it eilân gean. Allinnich as de need echt heech is, wurdt gebrûk makke fan in transporteur dy't al in hub op it eilân hat foar it bondeljen fan fracht.
In hub op it eilân en meardere lytsere elektryske weinen foar de besoarging oan de klanten is neffens de ûndersikers in duorsumere oplossing. De ûndersikers hawwe ek oanbefellingen dien om it hjoeddeistige systeem te optimalisearjen.