HEA! Túnder foar it libben

HEA! Túnder Kees Palma
Noch alle dagen is de 77-jierrige Kees Palma yn syn kassen yn Easterbierrum oan it wurk. Palma is al 55 jier túnder, hy ferbout reade en wite koal foar it sied en blombollen. It libben fan de túnder hat net maklik west, twa kear ferlear hy syn frou en ek syn âldste dochter is al ferstoarn.
It wurk hat Palma fierder holpen, "je moatte toch troch, ik gean net yn de put sitten". Nei it ferlies fan syn twadde frou woe hy net wer in radio yn de kassen ha. "Dan kin ik alles wat der bard is yn stilte troch myn tinzen gean litte."
De túnder wurket noch allinne op it bedriuw, nei him hâldt it op. Mar: "Ik fyn sels dat ik ûndanks alles in moai libben hân ha."