Trije Friezen nimme ôfskied fan de Twadde Keamer: "Leuk is anders"

De blommen lizze klear foar de ôfswaaiende Keamerlden
De blommen lizze klear foar de ôfswaaiende Keamerlden © ANP
Trije Friezen nimme tiisdei ôfskied fan de Twadde Keamer, de dei foar't de nije Keamerleden úteinsette. Harry Bevers (VVD), Romke de Jong (D66) en Tjeerd de Groot (D66) komme net werom.
Romke de Jong hat sels besletten om dermei op te hâlden as folksfertsjintwurdiger. Bevers en De Groot komme net werom yn de Keamer om't de VVD en D66 net genôch sitten hellen om harren wer in plak te jaan.
Tiisdei krigen alle 80 Keamerleden dy't ôfskie namen in speech fan foarsitter Vera Bergkamp. Harry Bevers waard emosjoneel doe't it safier wie.
Sa namen trije Fryske Keamerleden ôfskied fan harren sit
"Ik heb het de afgelopen jaren met zo veel plezier gedaan", seit Bevers, "Het is eigenlijk veel leuker en mooier geweest dan ik gedacht had. Je weet het ook als je er instapt, dat het zomaar over kan zijn. Maar leuk is anders."

"Dreambaan"

Foar Bevers komt der dêrom in ein oan in bysûndere perioade. "Je hebt een team om je heen, je eigen medewerkers. Toen ik ze zag, kon ik het lastig drooghouden. Het was een droombaan. Als je er nog heel veel energie voor hebt, is het erg vervelend om te moeten vertrekken."
Harry Bevers (VVD)
Harry Bevers (VVD) © ANP
De VVD lei noch wol foar de hân as ien fan de partijen foar in mooglike kabinetsdielnimming. Mocht de partij ministers leverje moatte, dan soe Bevers eventueel trochskowe kinne nei in funksje as Keamerlid. Mar de partij seit foarearst út de Keamer wei gedoochstipe jaan te wollen.
Bevers stipet it beslút fan de partij, mar foar him persoanlik is it net leuk: "Het is voor een deel vervelend, maar je kan er ook niet op zitten wachten."
Want weromkeare yn de Twadde Keamer is net samar dien. Bevers wol net mei wachtjild efteroer leune: "Je kunt ook niet inschatten hoe lang een formatie duurt. Als het weer een halfjaar of een jaar duurt, kan ik daar niet op zitten wachten."
Bevers en De Jong (linksboppeyn) krigen in keninklike ûnderskieding op de lêste plenêre gearkomste
Bevers en De Jong (linksboppeyn) krigen in keninklike ûnderskieding op de lêste plenêre gearkomste © ANP
Romke de Jong fan D66 hat der just sels foar keazen om op te hâlden. Hy hie him kommittearre oan fjouwer jier Keamerlidmaatskip, mar hat dy net fol makke: "It komt my wat te betiid dat it kabinet fallen is", seit De Jong.

"Freget de folle 100 persint"

"Mar je moatte op 'e nij de kar meitsje oft je wer fjouwer jier dwaan sille. Ik wol graach werom nei Fryslân, nei myn bern en frou. In Keamerlid moat him foar de folle 100 persint jaan kinne, dat kin ik net noch fjouwer jier."
Romke de Jong (D66)
Romke de Jong (D66) © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Mei De Jong en Harry Bevers ferdwine in pear grutte oanjagers foar de Fryske taal út de Keamer. Dêroer hawwe ferskate leden fan de Jonge Democraten Fryslân, de jongerepartij fan D66, harren soargen utere.
"Aldergeloks hawwe wy rekôrs brutsen, der wie noch nea sa folle Frysk sprutsen yn de plenêre seal", seit De Jong. "It is no wichtich om de druk derop te hâlden. Wy fine dat der gau in nij debat komme moat oer it Frysk."

"Ik lit wol fan my hearre"

De Jong fynt net dat er de Fryske taal yn de steek lit troch dermei op te hâlden. "As je al in Keamerlid oanwize meie dy't him ynset hat foar de taal, wol ik mysels wol yn de top ynskale. En ik lit wol fan my hearre oan de nije leden."
Tjeerd de Groot (D66)
Tjeerd de Groot (D66) © ANP
Foar Tjeerd de Groot is it in wat nuvere dei. Offisjeel komt der foarearst in ein oan syn amt, mar fan nije wike ôf komt er oant maart werom yn de Keamer fanwegen it kreamferlof fan in oar Keamerlid.

Hinne-en-werjen foar De Groot

D66 komt mar 160 stimmen tekoart foar in tsiende sit, dat De Groot in plak yn de Keamer jaan koe. Dochs wie it foar D66 de hiele wike hinne-en-werjen tusken de 9 en 10 sitten. Net maklik foar de Groot: "Het veranderde per dag, dus leuk is anders. Maar het is wat het is, zo gaat het."
De Groot kaam in soad yn it nijs fanwege syn útspraken oer it werombringen fan de feesteapel. Dêr hat de Wâldseiner in soad krityk op krigen.
Spyt hat De Groot lykwols net: "Achteraf kijk je de koe in de kont. Zo gaan die dingen. De kiezer heeft gesproken en ook al gaat het om een paar honderd stemmen, dit is wat het is en daar heb ik vrede mee."
Woansdei set de nije Twadde Keamer útein. Dan wurde Aant Jelle Soepboer (NSC) en Max Aardema (PVV) ynstallearre. Demisjonêr steatssekretaris Aukje de Vries fan de VVD giet wer de Keamer yn, lykas sittend Keamerlid Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA.