Fryske boeren krije mei strangere regels te meitsjen: útriden fan dong rapper ôfboud

In trekker op it lân
In trekker op it lân © ANP
It kabinet hat tiisdei nije saneamde 'nutriënten verontreinigde gebieden (NV-gebieden)' oanwiisd dêr't agraryske bedriuwen ekstra stappen sette moatte om de wetterkwaliteit te ferbetterjen.
Op in kaart is te sjen dat it foar Fryslân giet om de waadeilannen Skylge, It Amelân, Skiermûntseach en (in part fan) de Fryske Wâlden.
De ferplichting om dy ekstra stappen te nimmen, komt troch de saneamde derogaasjebeskikking fan de Europeeske Kommisje. Dy beskikking seit dat de útsûndering fan Nederlânske boeren op de hoemannichte dong dy't se útride meie, de kommende jierren ôfboud wurde moat.
Dat moat der ta liede dat der minder stikstof en fosfaat yn it oerflaktewetter telâne komt.

Dong útride

Bedriuwen yn de gebieten dy't tiisdei oanwiisd binne, moatte de hoemannichte dong dy't sy útride rapper ôfbouwe as de rest fan Nederlân. Dat skriuwt minister Adema fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit yn in brief oan de Twadde Keamer.
Lânbouminister Adema skriuwt oer it beslút:
"De derogaasjebeskikking fan de Europeeske Kommisje fereasket dat Nederlân oanfoljende maatregels nimt om de kwaliteit fan ús wetter te ferbetterjen. Skjin wetter is ek nedich foar lân en teelt, no en yn de takomst."
"Ik bin my der tige bewust fan dat dy oanfoljende maatregels stevich binne foar agraryske bedriuwen yn de oanwiisde nutriïnten fersmoarge gebieten. Lykwols, sûnder dizze detaillearre oanwizing soe in grutter part fan Nederlân neffens de derogaasjebeskikking oanwiisd wurde as fersmoarge en mei net-útfieren stiet de hiele derogaasje op it spul. Tegearre mei de boeren yn de oanwiisde gebieten, en gear mei de wetterskippen, wol ik wurkje oan praktyske oplossingen."
De gebieten dy't oanwiisd binne, ha neffens it ministearje te folle stikstof en/of fosfaat yn it wetter.

LTO net bliid

Lânbouorganisaasje LTO is min te sprekken oer it beslút fan de minister. De boere-organisaasje fynt dat de beslissing fierstente let naam is. "In januari van dit jaar stuurde de minister al een brief aan de Kamer waarin hij aankondigde tot een definitieve vaststelling van de NV-gebieden te komen. Toch krijgen boeren en tuinders nu pas duidelijkheid. Ondernemers kunnen voor 2024 onmogelijk anticiperen op deze regels", seit bestjoerslid Joris Baecke.
Joris Baecke LTO
Bestjoerslid Joris Baecke fan LTO © ANP
Ek is der krityk op de sifers. Sa soe it ministearje har basearje op mjittings út 2010, seit Baecke. "Boeren worden in hun huidige bedrijfsvoering afgerekend op historische bemesting. Dat is alsof de overheid constateert dat er op een snelweg in het verleden te hard werd gereden, en daarom besluit dat auto's daar nu nog maar 60 kilometer per uur mogen rijden: het schiet het doel totaal voorbij."
LTO seit dat der sûnt 2010 al grutte stappen set binne om de útspieling fan nutriïnten yn it oerflaktewetter werom te bringen.