Drokke dei foar Sinteklaas: hy kaam ek del by de needopfang yn Ljouwert

Sinteklaas
Sinteklaas © Omrop Fryslân
Goed 100 bern yn de needopfang yn Ljouwert krigen tiisdeitemiddei bysûndere besite. Sinteklaas kaam mei syn Piten del om pipernuten en kadootsjes út te dielen.
In kadobon, in sûkeladeletter, in tekenboek, in mandaryn en nifelguod. Sinteklaas kaam net del mei de jutten pûde, mar mei 120 rêchpûden fol mei kado's.

Frijwilligersaksje

De kadootsjes wienen regele troch frijwilligers fan de wurkgroep aktiviteiten flechtlingen út ûnder oare Goutum. Yn totaal is der 27.00 euro ynsammele om Sinteklaas mei de bern út it needopfang te fieren.
"We hebben deze actie aangekondigd in de kerk- en wijkbladen van Goutum, Zuiderburen en Camminghaburen. Mensen uit die wijken hebben samen dat bedrag bij elkaar gebracht", seit frijwilliger Leo den Hollander.
Dan zeggen ze: 'Hallo Sinterklaas, I love you'. Ze houden van Sinterklaas, en dat laten ze merken.
Sinteklaas
De goedhillichman kaam mei fjouwer Piten en waard entûsjast ûntfongen. De bern klapten bliid mei op muzyk lykas 'Sinterklaas kapoentje' en 'Jingle Bells'. Soms waarden de hannen efkes frijmakke om pipernuten fan 'e piten te ûntfangen.
Foarich ier wie de Sint ek al delkaam. "Toen waren ze heel erg enthousiast", seit Den Hollander. "Dat was voor ons een reden om het dit jaar weer te doen."

Net ferlegen

In oantal bern sit der al in jier en wit yntusken dus wol wa't Sinteklaas is. "Die zijn blij", seit Sinteklaas. "Dan zeggen ze: 'Hallo Sinterklaas, I love you'. Ze houden van Sinterklaas, en dat laten ze merken."
En guon bern binne just krekt yn Nederlân. Dy witte noch net sa wa't de goedhillichman is, mar dat mocht de wille foar harren net drukke. Ek sy ûntfange de man mei miter met een grutte glimk.