Henk de Jong syn Doetinchemske jierren: "Hij heeft wat teweeggebracht in de Achterhoek"

Henk de Jong yn syn tiid by De Graafschap
Henk de Jong yn syn tiid by De Graafschap © Orange Pictures
Henk de Jong stiet foar in bysûndere jûn. Hy giet mei SC Cambuur op besite by De Graafschap yn stadion De Vijverberg. Dêr wie er 2,5 jier trainer. "It is foar my in spesjale wedstriid."
It wie desimber 2016 doe't De Jong begûn by De Graafschap. De klup siet yn de swierrichheden en stie op dat momint 16e yn de earste divyzje. De Doetinchemmers einigen dat jier as 12e. In seizoen dêrnei promovearren se fia de play-offs nei de earedivyzje.
It lêste jier fan De Jong op De Vijverberg einige mei in 17 plak en degradaasje nei de earste divyzje. De Drachtster sjocht in soad oerienkomsten tusken De Graafschap en Cambuur. Hy belibbe yn de Achterhoek 'in geweldige tiid'.
Keeperstrainer Edwin Susebeek mei de doelmannen en Henk de Jong
Keeperstrainer Edwin Susebeek mei de doelmannen en Henk de Jong © Orange Pictures
Edwin Susebeek wit de tiid mei De Jong noch goed. Yn totaal wie hy 28 jier keeperstrainer by De Graafschap, wêrûnder de perioade mei De Jong.
"Het waren mijn mooiste jaren in het betaalde voetbal", seit Susebeek. "Henk is een heel goede trainer en ook een prachtig mens."

De minsklike Henk

Dêr't it sportyf sjoen syn moaiste jierren wiene, wie it op persoanlik mêd foar Susebeek de dreechste tiid. Syn frou waard yn dy perioade terminaal siik.
Doe fernaam de keeperstrainer de minsklike kant fan De Jong. "Henk was geweldig. Hij kwam langs, informeerde elke dag hoe het ging en dat doet hij nu nog steeds."
"Dat heeft ons als gezin heel erg goed gedaan. Het betaalde voetbal is een harde wereld. Maar ik geloof dat als je interesse toont in mensen, zeker in deze harde wereld, dat je dan de jongens voor je wint", tinkt Susebeek.
"In goede, maar ook in mindere tijden blijft Henk altijd dezelfde. Dan ben je een prachtig mens, maar bovenal een toptrainer."
Hier moet je gewoon normaal doen en daar is hij wel goed in.
Sportsjoernalist Raymond Willemsen oer Henk de Jong
De minsklike kant fan De Jong makke Raymond Willemsen ek mei. Hy folget De Graafschap al 30 jier as sportsjoernalist en docht dat op dit stuit foar De Gelderlander.
De Jong is noch altyd populêr yn de Achterhoek, wit Willemsen. "Het is een mensenmens en voor de gewone toeschouwer heeft hij altijd een hand of een grapje. Hij neemt voor iedereen de tijd. Dat maakt hem geliefd. Hier moet je gewoon normaal doen en daar is hij wel goed in", seit Willemsen.

Roel hie de triennen yn 'e eagen

In foarbyld is neffens Willemsen hoe't De Jong omgie mei Roel. Dat is in fanatike De Graafschap-fan mei in beheining.
"Roel kwam elke dag in het stadion. Dan mocht hij bij Henk naar binnen in zijn kantoor en praatten ze even. Hij is nog steeds helemaal gek van Henk."
Dat hat noch in oare reden. Yn augustus rekke Roel slim ferwûne nei't er op de fyts oanriden waard troch in auto. "Henk heeft toen een shirt van Cambuur opgestuurd en wij zijn samen naar hem toe geweest", fertelt Willemsen.
"Roel had de tranen in de ogen staan. Dat geeft wel aan wat voor persoon Henk is. Dat is geweldig en meer waard dan het zijn van een goede trainer."
Henk de Jong hat by De Graafschap in spesjale tiid hân
Doe't De Jong by De Graafschap begûn yn 2016, gie it net goed mei de klup. De temperatuer lei ûnder it figuerlike friespunt. De Jong besocht dêr op syn eigen wize wat oan te dwaan.
De Jong: "Ik raasde eltse moarn troch de kantoaren: 'Goedemorgen!' Se sille wol tocht ha: wat in gekke Fries."

In stap mear sette

Willemsen wit dat noch wol. "Hij kwam toen het een absoluut dieptepunt was. De sfeer was heel bedrukt in Doetinchem. Hij heeft dat om kunnen draaien. Ook naar de spelers toe. Hij kan spelers veel meer vertrouwen geven dan een gemiddelde trainer. Dat zie je nu bij Cambuur, waar weer mooi wordt gevoetbald onder zijn leiding."
Spilers setten in stap mear troch De Jong, wit Susebeek út dy tiid.
"Het hele team rende de benen uit de kont. Je moest wel je ding doen, want Henk kon ook hard zijn. Je doet hem echt tekort als je alleen maar zegt dat-ie gezellig is. Als het niet goed gaat, spreekt hij je daar ook op aan. Het is niet alleen een lieve jongen."
Ik heb zo vaak meegemaakt dat een trainer wegging bij De Graafschap, maar bij niemand stond het hele hok vol met cadeaus.
Keeperstrainer Edwin Susebeek
Susebeek wurke mei in soad trainers, sa as Jan Vreman, Mike Snoei en Darije Kalezic. Mar: "Ik heb zo vaak meegemaakt dat een trainer wegging bij De Graafschap, maar bij niemand stond het hele hok vol met cadeaus. Dat zegt wel genoeg."
Dat ek de fans sljocht wienen op de Drachtster, fernaam Willemsen yn de perioade dat De Jong thús siet mei de kyste yn syn holle.
"In die tijd is er best wel veel steun geweest voor hem vanuit de Achterhoek. Er zijn zelfs supporters van De Graafschap bij hem thuis geweest, dat zegt wel iets. Het is een zeer geliefde trainer."
Supporters fan De Graafschap hiene dit spandoek doe't er foar it earst werom wie mei Cambuur
Supporters fan De Graafschap hiene dit spandoek doe't er foar it earst werom wie mei Cambuur © Orange Pictures
Oardel jier lyn naam Susebeek nei 28 jier ôfskie fan De Graafschap. Nei it ferstjerren fan syn frou koe er it wurk net mear kombinearje mei de soarch foar de húshâlding.
Hy sjocht mei in goed gefoel werom op de gearwurking mei De Jong. "Het waren prettige jaren, waarin je ook op je donder kreeg als je het niet goed voor elkaar had. Henk haalt het beste in de mensen naar boven."
Willemsen ferwachtet dat De Jong freed mei applaus begroete wurdt yn De Vijverberg. "Ik denk dat hij een warm onthaal krijgt. Het is een fenomeen. Hij heeft wel wat teweeggebracht in de Achterhoek in die tweeënhalf jaar dat hij er gezeten heeft."
De wedstriid tusken De Graafschap en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 19.45 oere.
It kommentaar út De Vijverberg wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber. Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel werom te sjen.