Drokte by Fryske wikselkantoaren troch rekôrpriis fan goud

Gerard Schuls fan Het Beleenhuis
Gerard Schuls fan Het Beleenhuis © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Grutte drokte by goudwikselkantoaren yn Fryslân. De goudpriis berikte moandei in rekôrhichte. In soad minsken wachtsje net ôf en wikselje harren sieraden yn foar jild. Lykas by it Beleenhuis yn Ljouwert.
It rûn foaral moandei stoarm. Op dizze dei berikte de goudpriis in rekôr: ien kilo goud kostet 60.000 euro. By Het Beleenhuis kinne minsken jild liene mei gouden sieraden as ûnderpân. Minsken kinne no mear jild krije foar harren ketting of earbellen fanwegen de hege goudpriis.
De goudpriis berikt in rekôrhichte
Al fernimme se hjir al langer dat it drok is. "Vooral senioren", sa fertelt eigener Gerard Schuls. "Alles is duurder geworden, voor iedereen en ook voor deze groep. Ze kunnen dan bijvoorbeeld de energierekening niet betalen en durven uit schaamte niet hun kinderen te vragen om geld te lenen."
Tagelyk is Schuls ek juwelier, mar de ferkeap fan sieraden giet net al te bêst. De priis skommelet sa bot dat se sels gjin priiskaartsjes mear by de sieraden stean hawwe.
"We hebben kiloprijzen waarvoor we de sieraden inkopen en de ene keer is dat hoger dan de andere en dat berekenen we dan door aan de klanten."
En wat de goudpriis yn de takomst dwaan sil? "Ik heb geen glazen bol, maar ik denk wel dat hij hoog blijft."