HEA! De soannen fan Waander 512

HEA! De soannen fan Waander 512
Yn Harich is in earste besjen fan de jonge Fryske hynsten fan it KFPS. Hjir set de swiere seleksje fan Fryske hynsten útein om de titel goedkarde dekhynst te krijen.
Der wurde dit jier 343 jonge Fryske hynsten foarbrocht. It wurdt in tige spannende keuring foar Olaf Visser en Merle Veurink, want it is de earste kear dat de âldste soannen fan harren eigen dekhynst Waander 512 meidwaan sille.
Moannen binne de jonge hynders traind troch Merle en is der alles oan dien om se optimaal foar de sjuery te krijen. Mar sadree't de hynders yn de bak binne, wurde se loslitten en moatte se it sels dwaan. Wa fan de jonge hynsten giet troch nei de folgjende rûnte?