Liveblog | 5 desimber 2023

112-nijs 5 desimber: Wurkstraf foar feroarsaker ûngelok mei wetterscooter

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 5 desimber 2023, 20:49
20:49

Treinen ride wer

De tsjinstregeling tusken Meppel en Zwolle is wer opstart. De treinen ride wer.
19:51

Gjin treinen tusken Meppel en Zwolle

Tusken Meppel en Zwolle ride der op dit stuit gjin treinen troch in oanriding. Minsken dy't út ús provinsje wei mei de trein rjochting it suden ta wolle, moatte hjir rekken mei hâlde.
It opûnthâld duorret yn elts gefal oant 20.30 oere.
15:33

120 oeren wurkstraf foar feroarsaker ûngelok mei wetterscooter

Rjochtbank
Rjochtbank © Shutterstock
In man út Easthim hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen foar it feroarsaakjen fan in deadlik ûngelok mei twa wetterscooters by Drylts. By it ûngelok kaam de freon fan de fertochte om it libben.
De twa manlju wiene neffens de rjochtbank oan it show-farren, de fertochte soe te hurd fearn ha.
In pear moanne foar it deadlike ûngelok wie de fertochte ek alris mei syn scooter tsjin in speedboat botst. Doe wie er fuortfearn sûnder syn gegevens achter te litten. Dêr krige de man in boete fan 700 euro foar.
De Offisier fan Justysje hie 180 oeren wurkstraf en in farûntsizzing easke. Omdat de bêste freon fan de man by it ûngelok ferstoar, foel de straf leger út.
15:05

Autobedriuw Noardwâlde fynt tydlik ûnderdak

Brân yn Noardwâlde
Brân yn Noardwâlde © BTB Fotografie
It autobedriuw Woudstra Auto's út Noardwâlde hat trije dagen nei in grutte brân yn it gebou in nij ûnderdak fûn. Se wurkje no út in eardere garaazje op in oar plak yn it doarp.
Dat gebou is noch folslein ynrjochte, omdat der oant jannewaris 2022 in autobedriuw fan Harry Lingeman yn siet. Eigener Pieter Woudstra tinkt dat er mooglik wol in jier yn dat gebou bliuwt.
Woudstra wie dit wykein mei bern ûnderweis nei in fuotbalwedstriid, doe't er belle waard dat syn bedriuw yn 'e brân stie. "Ik begreep dat het niet best was, maar ik moest nog een half uur rijden. Onderweg bedacht ik al deze oplossing, dus Harry Lingeman gebeld. Die zei: kom maar langs, het komt goed. Het was dus al geregeld voordat ik bij de brand was."
09:23

Sportwein yn 'e greppel by Appelskea

Sportwein yn de greppel by Appelskea
Sportwein yn de greppel by Appelskea © BTBFotografie
By Appelskea is tiisdeitemoarn in auto yn in greppel bedarre. Nei alle gedachten rekke de bestjoerster de macht oer it stjoer kwyt fanwegen de glêdens.
De plysje wie gau te plak. De frou koe sels út de auto, in wite sportwein komme en rekke net ferwûne. De auto wurdt burgen.
08:31

Der wurdt noch fentilearre