Etzer yn Amearika: "Se ferklearje my foar gek as ik op de fyts oankom"

Etzer Dijkstra mei syn trije bern yn Harrisburg Pennsylvania Feriene Steaten fan Amearika
Etzer Dijkstra mei syn trije bern © Etzer Dijkstra
"Se ferklearje my foar gek as ik op de racefyts oankom." Dat seit Etzer Dijkstra (44) fan It Hearrenfean dy't tweintich jier yn The States wennet en wurket as fysioterapeut. Hy kin it fytsen net litte,
Hy groeide op op It Hearrefean. Nei in oplieding foar fysioterapeut yn Amsterdam kaam er werom nei It Hearrenfean. Dêr krige er ûnder oare reedriders ûnder hannen fan it Gewest Fryslân. Foar in diel 'ferneamde kûten', want guon fan de riders dy't er behannele hat, binne útgroeid ta bekende reedriders.

De leafde

De reden om yn 2003 nei Amearika te ferfarren wie de leafde. De earste fiif jier wenne er yn Washington, letter 2,5 oere riden fierderop. Yn Harrisburg, Pennsylvania om krekt te wêzen. New York leit dêr ek net hiel fier wei.
Yn Harrisburg moete de Fryske Etzer in Fjetnameeske frou dy't al folle langer yn Amearika wenne. Se trouden en wenje no yn in rom hûs yn in rêstige, rom opsette buert. Trije bern krigen er mei de ergoterapeute: twa jonges en in famke.
Etzer Dijkstra Amearika Fryske Flagge
De Dijkstra's wenje yn in grut hûs ast it mei Nederlân ferlikest © Etzer Dijkstra
Etzer woe ek graach yn The States as fysioterapeut oan de slach. Dat wie mooglik, mar dan moast er wol steatseksamen dwaan. Ast dat hellest, meist yn alle steaten dyn berop útoefenje.
Dat slagge en hy wurket no yn ferpleechhuzen dêr't de klam benammen op beweging leit. "Wy dogge in soad refalidaasje nei harsenbliedingen, en sa."
Eins hie er yn de USA ek wol reedriders op de behanneltafel hawwe wolle, mar dy sitte allegearre yn Salt Lake City. Dy stêd leit oan de oare kant fan it lân, fierste fier om hinne te gean foar wurk.
Etzer Dijkstra Harrisburg Fryske Flagge skoalbus
Niks op de fyts nei skoalle ta, de skoalbus hellet en bringt de bern © Etzer Dijkstra
It is yn Amearika mei de ôfstannen dochs al hiel oars as yn Nederlân. Ast earne in hapke ite wolst, moatst altyd hast wol in heal oere oant trije kertier ride mei de auto om der te kommen. Yn Fryslân of Nederlân kinst op 'e fyts of te gean, ast nei in kafee wolst.

Rinne is net feilich

"Dat gemak mis ik wolris. Se hawwe hjir gjin stoepen njonken de diken. Rinst eins op de 50 km-dyk en dat is net feilich. De bern wurde ek brocht en helle mei de skoalbus."
Etzer Dijkstra Amearika Fryske Flagge
Etzer Dijkstra op 'e fyts © Etzer Dijkstra
"Ik mei graach fytse, mar se ferklearje my foar gek as ik op de racefyts oansetten kom. It is hjir net sa feilich as yn Nederlân. De fytshelm moat op en moatst de kop derby hâlde."
Mar hy soe net oars wolle. "Hjir yn Amearika is myn libben."

Nederlânsk ferleard

En hoe sit it mei de taal? Etzer praat Ingelsk mei syn bern. Dat is de thústaal by de Dijkstra's yn Harrisburg. Oars soe it ek wol hiel dreech wurde mei Frysk en Fjetnameesk. Nederlânsk praat er eins noait mear. Dat is er hielendal ferleard, seit er.
Etzer Dijkstra
Etzer syn mem komt geregeld op besite yn Harrisburg © Etzer Dijkstra
Ek al is er fier fuort, dochs wit Etzer wol wat der allegearre spilet yn Fryslân. As er op it wurk efkes neat te dwaan hat, lêst er it Fryske nijs.
Ut syn lêste winsk oan ús docht wol bliken dat er wit wat der geande is: "Súkses mei de snie en allegearre in fleurich Sinteklaasfeest" (wy praten mei Etzer Dijkstra op 5 desimber, red).