Frederike Kleefstra wol "minsken mei in goed gefoel krysttiid yngean litte"

Frederike Kleefstra Noardewyn 1 op 1
Frederike Kleefstra © Omrop Fryslân
Frederike Kleefsta is bekend fan har Fryske klassiker Grutte grize fûgel dy't faak op útfearten draaid wurdt. Omdat se fielt wat se sjongt, jout it liet rouwenden treast. Ferbining mei minsken, dêr draait it by har om yn har muzyk en yn har wurk.
Frederike har ferneamde Grutte grize fûgel waard yn de jierren '90 útbrocht. Dêrnei is se dwaande bleaun yn de muzyk. Dochs is se nea profesjoneel artyst wurden, yn tsjinstelling ta Inez Timmer mei wa't se gearwurke.
De oerstap meitsje nei de Kleinkunstacademie hat se wolris oan tocht, mar se hat dêr nea foar keazen. Achterôf sjoen fûn se harsels miskien doe net goed genôch, fertelt se.
Ik kin in soad kwyt yn de muzyk.
Frederike Kleefstra oer de twa wrâlden dêr't se yn sit: de muzyk en it wurk
Spyt hat se der net fan. Ommers, se koe de muzyk altyd njonken har eigen wurk dwaan en dat hie ek sa syn foardielen. Se siet yn twa wrâlden. "Ik haw in skoft thús meiwurke yn it bedriuw en hie ek de muzyk dêr't ik in soad yn kwyt koe."
De lêste tiid wurket se yn it ûnderwiis. Fêste prik is in programma mei krystlieten dêr't se no al foar it fyfde jier oan meiwurket.
Frederike Kleefstra (1960, Terherne) wennet yn Ferwert en is dosint yn it mbû-ûnderwiis. Dêrneist sjongt se ballades en harkferskes yn it Frysk.
Har Grutte grize fûgel is ien fan de meast favorite lieten yn Fryslân. Tegearre mei Inez Timmer helle se yn 1991 de finale fan it festival Liet mei Wy geane ús eigen paad. Letter song se by de folkrockgroep Om 'e Noard, wurke se mei oan in cd fan Bennie Huisman en brocht se in single út mei Sânman en Sikke.
Yn har jeugd yn Terherne belibbe Frederike wat frijheid is. Se wie in protte bûtendoar en hie - en hat no noch - graach romte om har hinne. Se hâldt fan bisten en wurdt ek bliid fan kontakt mei minsken. "Dat kinst troch de muzyk dwaan en op oare manieren."
Frederike Kleefstra op har earste cd
Frederike Kleefstra op har earste cd © Frederike Kleefstra
Ferbining sykje yn har wurk en yn de muzyk is de reade tried yn har libben. Ast in liet goed oerbringe wolst, moatst fiele wêr't it oer giet. "In tekst sjonge sûnder datst it fielst, wurket foar my net."
Dan doelt se benammen op har eigen lieteprogramma's tegearre mei fêste pianiste Corinne Staal. Yn de tritich jier dat se inoar kenne, hawwe se tegearre in soad muzikale útstapkes dien.
Sjoch hjir nei it petear dat Willem de Vries hat foar Noardewyn 1 op 1 mei Frederike Kleefstra:
Frederike kaam Corinne tsjin doe't se it teäterprogramma Twa die mei Inez Timmer. Healwei de repetysjes hâlde de pianist op en moast der in oarenien komme. Dat wie Corinne Staal.
Doe't Inez besleat in musical yn Amsterdam te dwaan, is Frederike tegearre mei Corinne trochgien mei in Frysk lieteprogramma.

Fryske taal

Foar har eigen lieten nimt se dus de Fryske taal foar kar. "Dat is sa groeid, mar it leit eins ek wol foar de hân."
Doch bliuwt it net by inkeld Frysk. Se sjongt ek nûmers yn oare talen.
De Krystreizgers mei hielendal rjochts Frederike Kleefstra
De Krystreizgers mei hielendal rjochts Frederike Kleefstra © Krystreizgers
Wa't Frederike Kleefstra de kommende tiid yn aksje sjen wol, kin dat dwaan by optredens fan it ensemble de Krystreizgers. Se bringe mearstimmige Christmas Carols en solosjongstikken.
"We stean letterlik ticht by it publyk en hawwe ek in praatsje, in ferhaal of in gedicht. Wy wolle de minsken mei in goed gefoel de krystperioade yngean litte."

Alle dagen wer wat ljochter

De Krystreizgers binne te sjen op ûnder oare 10 desimber yn Dronryp, op 15 desimber yn Warns en op 24 desimber yn Jorwert.
Lêst fan it donkere waar yn dizze dagen foar krysttiid hat Frederike net. "Ik sis altyd mar: 21 desimber is de koartste dei en dêrnei wurdt it alle dagen wer wat ljochter."

Muzyk útkeazen troch Frederike Kleefstra

Artyst Titel
Common Linnets Love goes on
Michael Bublé For once in my life
The Real Thing You to me are everything
The King's Singers: Billy Joel arr. Bob Chilcott And so it goes
Mozart Requiem yn D mineur, Lacrimosa