Mear help yn biblioteken by taslachfragen: "Mensen wegwijs maken in belastingdoolhof"

Aukje de Vries bibleteek
Aukje de Vries bibleteek © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Biblioteken dogge hieltyd mear as it útlienen fan boeken. Neist bygelyks ynboargering of digitale les kinne minsken op 250 ynformaasjepunten yn biblioteken delkomme foar it ynfoljen fan taslagge- of belestingformulieren. Dat moatte der ynkoarten 400 wurde.
Steatssekretaris Aukje de Vries fan Finânsjes ûndertekene dêr moandei yn Drachten in gearwurkingsoerienkomst oer mei de algemien direkteur fan de nasjonale bibleteek Lily Knibbeler. De gearwurking jildt yn alle gefallen oant en mei 2027.
De Dienst Toeslagen en de Belastingdienst lûke twa miljoen euro ekstra út om de biblioteken te helpen de stipepunten op te setten. Beide ynstânsjes wolle tichterby de minsken komme, hielendal nei de affêre mei de bernetaslach.
Gearwurking ministearje finânsjes en bibleteken
Neffens in wurdfierder fan it ministearje fan Finânsjes wurkje ferskate soarten tsjinstferlieners op de ynformaasjepunten, ek frijwilligers. Yn de biblioteek fan Drachten hawwe se dêr it personiel al foar, seit direkteur Rien Vrijenhoek. "Wij doen dit al jaren hier."
"De grap is dat het mensen zijn die ooit bij de Belastingdienst gewerkt hebben en die misschien nu met pensioen zijn. Die komen hier dan als vrijwilliger mensen wegwijs maken in het belastingdoolhof."

Rjocht op taslaggen

De Vries hopet dat de helppunten derta liede dat safolle mooglik minsken gebrûk meitsje fan de taslaggen dêr't sy rjocht op hawwe. Net elkenien wit hoe't se dy online oanfreegje of wizigje moatte.
Neffens de steatssekretaris doare in soad minsken de taslaggen net oan te freegjen, om't se der ûnwis fan binne oft se derfoar yn oanmerking komme. "Dat kinst hjir dan tegearre mei in oare persoan tsjekke."