Fjildmûzen hawwe nei goed jier bot lêst fan it waar

wylde fjildmûs stock
In fjildmûs © Shutterstock.com
Mei troch it wiete en kâlde waar dizze winter binne der in soad fjildmûzen dea rekke. Dat skat ûndersiker en mûzesaakkundige Nico Beemster fan ekologysk advysburo Altenburg&Wymenga yn.
Dit jier wie fierder in tige goed mûzejier. Mar dat is no wol foarby, tinkt saakkundige Beemster: "Ik verwacht toch dat de muizenstand volgend jaar een stuk minder zal zijn dan dit jaar."
"Na een topjaar verwacht je sowieso een minder jaar. Want die muizen kennen een driejarige cyclus van aantallen. En deze nattigheid zal ook een sterk negatief effect hebben. Dat kan niet anders. Vooral de combinatie nattigheid en kou is zeer negatief voor die woelmuizen."

Greidefûgels

Trochdat 2023 in ryk mûzejier wie, hawwe rôfbisten bot profitearje kinnen. Dat kin takom jier gefolgen ha foar briedende greidefûgels, sa seit Beemster. Dy predatoaren produsearje dan mear jongen.
mûs mûzepleach 2019
In fjildmûs dy't boppe de grûn kaam nei de bestriding fan de soart troch boeren yn 2019 © Omrop Fryslân
"Ik neem aan dat het aantal predatoren sterk toegenomen is dit jaar. Dat is zeer waarschijnlijk", seit Beemster. "En die stand blijft ook volgend jaar nog wel even hoog. Als er in mei volgend jaar weinig muizen zijn, schakelen ze over op ander voedsel. En dat zijn onder andere weidevogels."