In lyts wûnder: fermiste kat Wille nei seis jier werom by syn baaske yn Terherne

Kat Wille is nei seis jier werom by de famylje Zeilstra fan Terherne
Kat Wille is nei seis jier werom by de famylje Zeilstra fan Terherne © Omrop Fryslân
Kinst it wol in lyts wûnder neame. Jierren wie de kat fan Petra Zeilstra fan Terherne poater, nei't er ûntsnapte by in besite oan de bistedokter. Mar no is boarre Wille nei mear as seis jier wer fûn en werom by syn baaske.
Eigener Petra Zeilstra krige ynienen in telefoantsje, fan minsken fan It Hearrenfean. "Dy hiene in kat yn 'e hûs, mar sy tochten fuort al: dizze heart hjir net. Sy hawwe de biste-ambulânse belle en dêrnei is de chip útlêzen. Doe blykte it myn kat te wêzen."
Se hat Wille doe fuortendaliks ophelle. "Ik wie hiel bliid fansels, mar ek wol wat ûnleauwich. Want nei seis jier tinkst: dy komt net wer."
Ek dochter Lys wie bliid ferrast doe't har mem sei dat de kat fûn wie. "Ik skrok wol in bytsje, mar it is echt in hiele leave kat."
Wille is wer werom
Wille bringt syn tiid no foaral troch op de sliepkeamer fan Petra, om't er noch bot wenne moat oan alle geuren en lûden. Hy liket him wol hieltyd better te fielen.
Wêr't de boarre al dy tiid krekt sitten hat, wit Petra net. Se tinkt wol dat er goed fersoarge is, omdat er der goed útsjocht en net hiel benaud foar minsken is.

Grutte knuffelkont

Doe't de kat ferdwûn, hat Petra noch moannen nei him socht. Dat die se mei minsken út de omjouwing en stichting Dierenhulp. "Wy ha moannen yntinsyf socht, mar op in gegeven stuit wurdt it spoar kâlder en dan witte je it eins net mear."
Wat Petra it meast mist hat oan Wille? "Ja, dy grutte knuffelkont op myn skoat, it is echt in tige leave kat. It is eins dochs wol myn favorite kat en dy ha ik no werom."