Spektakulêre weromkear bringt Olivier van de Voort nei de Paralympyske Spelen: "Klein beetje trots"

Olivier van de Voort, swimmen
Olivier van de Voort © Yannick Wiegers
Swimmer Olivier van de Voort hat noch in rekken iepenstean mei de Paralympyske Spelen. It is de reden dat er wer yn it swimbad leit, seis jier nei't er ophâlden wie. En dat smyt sukses op.
De no 26-jierrige Van de Voort is werom op it heechste poadium. Ofrûne wykein swom er op de 100 meter rêchslach ûnder de limyttiid. En dus sil hy kommende simmer wer meidwaan oan de Paralympyske Spelen.

Ungelok mei ponny

As er alve is, rekket Van de Voort belutsen by in ûngelok mei in ponny. Dy slacht op hol, wylst Van de Voort der noch oan hinget. In kertier lang wurdt de dan noch lytse jonge meisleept oer de dyk en troch de bosk.
Uteinlik einiget de tocht yn it Canadameer, flak by Appelskea. Omstanners rêde Van de Voort, dy't syn linkerûnderskonk troch it ûngelok kwytrekket. Hy krijt dêrnei in proteze, wêrmei't er wol wer rinne kin. Swimme docht er, sûnder proteze, yn de paralympyske S10-klasse.
Van de Voort is 19 jier as er yn 2016 debutearret op de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Hy swimt meardere ôfstannen, wêrûnder de 100 meter rêchslach. Dat is 'syn' ôfstân. Hy hellet yn in tiid fan 58,10 sekonden it sulver efter de Oekraynse Maksym Krypak.
Yn 2009 makke Omrop Fryslân dizze reportaazje oer it ûngelok fan Olivier van de Voort
Dat it sulver is en net goud, is in wûne dy't noch altyd net ticht is. Hielendal om't Krypak, neffens Van de Voort, nammentlik net útkomme mocht yn de paralympyske klasse dêr't er doe yn swom. En dat docht Van de Voort noch altyd sear: "De gouden plak wacht nog steeds op mij. Diep van binnen klinkt zilver voor mij nog altijd als verliezen."

Studearje yn stee fan swimme

In jier nei it twadde plak op de Spelen, yn 2017, hâldt Van de Voort op as swimmer. "Rio was fantastisch, maar ik had te weinig motivatie om door te gaan. Ik moest ook studeren, dus ben ik daarvoor gegaan", seit er no.
Olivier van de Voort mei syn sulveren medalje op de Paralympyske Spelen yn 2016
Olivier van de Voort mei syn sulveren medalje op de Paralympyske Spelen yn 2016 © ANP
Yn de jierren dêrnei hellet er syn bachelor- en masterdiploma. It swimmen bliuwt foar him in soarte fan fjoerke dat baarnen bliuwt. Van de Voort swimt noch wol ris wat studintewedstriden en sjocht dat syn tiden noch altyd hiel aardich binne.
En dus beslút er yn maaie, as er klear is mei studearjen en al oan it wurk is, wer útein te setten. Hy begjint wer fanatyk te trainen, sa'n tweintich oeren de wike.
Ik vond het zo mooi dat ik hun kon laten zien dat ik meer ben dan alleen een student.
Olivier van de Voort
Dat betellet him ôfrûne wykein út by de Rotterdam Qualification Meet (RQM), it toernoai dêr't swimmers limyttiden swimme kinne foar de Olympyske- en Paralympyske Spelen. Mei in tiid fan 59,36 sekonden dûkt Van de Voort mear as twa sekonden ûnder de limyttiid.
Dat wie foar him net in grutte ferrassing. "De techniek zit er zo goed in. Dan is het alleen nog een kwestie om dat weer wakker te schudden en meer energie en kracht erin te verwerken." Dat er no al sa fluch swimt, fernuveret him wol. "Dat had ik niet verwacht."
Yn Rotterdam waard Van de Voort oanmoedige troch freonen dy't er de ôfrûne jierren kennenleard hat by syn stúdzje. "Zij kennen mij niet als zwemmer, maar als student. Ik vond het zo mooi dat ik hun kon laten zien dat ik meer ben dan alleen een student. Ik ben blij en een klein beetje trots dat ik weer op dit niveau kan presteren."
Olivier van de Voort, swimmen
Olivier van de Voort nei it beheljen fan de limyt © Kees-Jan van Overbeeke - www.ZwemSportFoto.nl
De RQM is de earste grutte wedstriid dy't Van de Voort wer swimt sûnt syn weromkear. "Ik had wel weer heel veel spanning. Het gaat niet meer om tentamens, waarin je dingen kunt herkansen. Maar het moet in één keer goed zijn. Toen gingen er wel veel gedachtes en herinneringen door me heen", laket er.

Fan múslyrepen nei swimme

Mei de pleatsing foar de Spelen is wis dat syn libben der de kommende moannen oars útsjen sil. Van de Voort hat in fulltimebaan as projektmanager by in produsint fan múslyrepen yn Amsterdam. Mar de múslyrepen sille miskien wat faker plak meitsje moatte foar de swimtrainings, yn de oanrin nei de Spelen yn Parijs.
Want Van de Voort is wer topsporter. "Het is een heel gek gevoel om weer terug te zijn in die wereld, want ik ben echt lange tijd uit de bubbel gestapt. Ik merk wel dat het mij nog steeds raakt en dat ik het nog steeds hartstikke leuk vind om te racen."