Krystbeammestress? Hjir moatst om tinke by it keapjen fan in beam

Mei de krystbeam op de fiets
Mei de krystbeam op de fiets © ANP
Dêr't Sinteklaas alwer oan it bykommen is yn Spanje, rint foar in soad oare minsken de stress dizze dagen noch fierder op. No't de krystdagen foar de doar steane, is fansels de fraach wat de perfekte beam is. En hokker ballen moatte deryn? Gjin panyk, wy sette de saken foar dy op in rychje.
It begint fansels al by de oanskaf: keapest dit jier in echte beam of wurdt it no lang om let dochs mar in keunsteksimplaar?
Beide opsjes ha syn foars en tsjins. Sa is de keunstkrystbeam in stik duorsumer as in echte. Se geane jierren mei, wylst in echte spjir of din oer it algemien nei ien jier alwer yn de fersnipperer of de kachel ferdwynt.

Prizen úteinlik ferlykber

Tink by it oanskaffen fan in keunstbeam lykwols wol om de libbensduer. Neffens saakkundigen is in nepbeam pas nei fiif jier echt duorsumer as in gewoane beam.
Dêrneist binne keunstbeammen ek wat priziger. Foar in kwalitatyf goeie betellest al gau mear as 100 euro, wylst in echte beam folle goedkeaper is. Dochs binne de prizen úteinlik ferlykber. Keapest bygelyks fiif jier op rige in echte Nordmann fan oardel meter, dan bist al gau djoerder út as mei de keap fan in like grutte keunstbeam.
In krystbeam mei reade ballen
In krystbeam mei reade ballen © ANP
Mochtest dochs net sûnder farske dinnegeur kinne, dan binne der wat echte krystbeammen oanbelanget ek ferskillende soarten. Sa kinst foar ientsje mei of sûnder klute kieze.

Tink om te lytse klute

It foardiel fan in krystbeam mei klute is datst dizze - ast him goed fersoargest - faker brûke kinst. Nei de krystdagen makkest in gat yn de tún dêr't de beam yn plante wurde kin. Tink derom: it gat moat twa kear sa djip en breed wêze as de klute en foar de helte opfolle mei potgrûn. Dat jout de beam de measte kâns om de simmer te oerlibjen.
Wês der by de oanskaf ek wach op dat de klute grut genoch is. In beam mei in te lytse klute, dêr't de woartels te koart fan ôfsnijd binne, sil it net lang folhâlde.
Hjir moast om tinke by it oanskaffen fan in krystbeam mei in klute:
  • De klute en de beam moatte ûngefear like swier wêze;
  • Keapje by foarkar in beam yn in pot yn stee fan yn in plestik pûde;
  • In lytsere beam hat mear kâns om te oerlibjen;
  • Wachtsje net te lang mei it plantsjen;
  • Jou de beam genôch wetter.
Dan it folgjende dilemma. Stikeljende of stompe nullen. Stikelige nullen binne handich, omdatst dan seker witst dat de kat út de buert fan de beam bliuwt, mar dizze nullen falle ek earder út.
Hast gjin nocht om eltse dei de stofsûger te pakken? Gean dan foar in beam út de Abies-famylje, lykas in sulverspjir.
Fynst dat gerûgel net sa slim en wolst wol graach in sterke, karakteristike krystgeur yn 'e hús helje? Dan kinst tinke oan in beam út de Picea-famylje. Dinnen en fynspjirren bygelyks.
Nullen
In rûgeljende krystbeam © ANP
Omdat in krystbeam net hiel lang goed bliuwt - útsein ast fansels foar in keunstferzje giest - moatst dyn oankeap goed time. It bêste is om der op 'e tiid by te wêzen. De beammen binne dan noch farsk en de peareltsjes binne noch net fuortkaapt.

Akklimatisearje

Tink der wol om datst de beam nei oankeap efkes akklimatisearje litst. Set him yn de garaazje of op in oar koel plak, sadat er efkes wenne kin oan de nije temperatuer. As it tiid is om him binnen te heljen, moatst de beam net njonken de kachel sette. Sa komst foar dat de beam útdrûget.
Wolst dit jier opfalle mei de krystdagen? Neffens saakkundige binne dit de populêrste balletrends fan 2023:
  • Retro Revival - unike kleurekombinaasjes, tropyske tinten en vintage-ballen
  • Raw Mystery - ballen yn organyske foarmen mei djippe, donkere tinten
  • Balanced Home - ornaminten yn pastelkleuren
  • Warm Glamour - pearelsnoeren en ballen mei figueren en tekeningen
  • Christmas Blues - ornaminten yn Delftskblauwe styl
Ek sa'n jierlikse harsenkreaker: wannear moat de beam no eins wer fuort?
It is gongber om de beam mei Trijekeningen - op 6 jannewaris - wer de doar út te dwaan. Neffens de ûnskreaune wetten is it net gaadlik om him dêrnei noch yn hûs te hawwen. Mar wolsto dochs langer fan de gesellichheid genietsje en de reputaasje fan in dwersbongel ha, dan sil grif net ien dy der op oansprekke.
Krystbeam
In stalde krystbeam wurdt wer út de grûn helle © Omrop Fryslân
En is de beam dan yn jannewaris wer ôftuge, dan hast noch mar ien opdracht: de beam yn 'e tún plantsje, nei de miljeustrjitte bringe, op 'e souder sette (mochtest dochs foar de keunstbeam keazen ha) of wachtsje op bern dy't him ophelje sadat sy der noch in bytsje jild mei fertsjinje kinne.
Noflike krystdagen!