Feestdagen soargje foar drokte by pakketbesoargers, winkels en webshops

Drokte by pakketbesoargers
Drokte by pakketbesoargers © ANP
It is desimber en dat betsjut dat de feestdagen wer foar de doar stean. By de winkels binne in soad minsken dy't kado's keapje, mar it jout ek ekstra drokte by de pakketbesoargers.
Nei in hektysk wykein foar sawol fysike winkels as webshops, wiene de ûndernimmers moandei noch folop dwaande mei klanten dy't de lêste Sinteklaasynkeapen dienen.
By PostNL yn Ljouwert ha se har taret op de drokte troch mear personiel oan te nimmen. Ek wurde der mear frachtweinen ynset en binne ôfspraken makke mei grutte webwinkels om de oanbiedingen oer de hiele wike te fersprieden.