Oerbelêste brêge by Twellingea wike ôfsluten foar reparaasjes

Wurk oan de brêge by Twellingea
Wurk oan de brêge by Twellingea © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De brêge by Twellingea is in wike ticht foar ferkear. Hy wurdt feiliger makke en der komt in nije asfaltaach oerhinne.
De brêge is yn 1939 boud. Neist âlderdom hat de brêge foaral in soad te lijen hân ûnder al it ekstra ferkear dat der it ôfrûne jier oerhinne kaam, fanwege de problemen mei de Prinses Margriettunnel yn de A7.
Troch druk fan it grûnwetter kamen tunnelûnderdielen fan it akwadukt omheech. It akwadukt hat in skoftke ôfsletten west, wêrtroch't it ferkear omride moast oer de brêge fan Twellingea.
De brêge by Twellingea wurdt feiliger makke
Der moast gau wat gebeure, want de feilichheid fan de brêge stie op it spul. "We hebben de brug de laatste twee weken iedere dag gecontroleerd op veiligheid", fertelt Hans van Ooijen fan Rykswettersteat.
"Vooral onder de brug bij het beweegbare deel. Dat is van hout en zit vastgemaakt met bouten die los kunnen komen. Daaronder zit staal dat slecht is geworden."

Fersteviging

Alles wurdt dizze wike ferstevige, sadat der minder faak kontrolearre hoecht te wurden. Takom maitiid wurdt der wer oan de brêge wurke om it ôf te meitsjen.
Der wurdt no ûndersocht wat de bêste oplossing is. Miskien dat it hiele beweechbere brêgeûnderdiel úteinlik ferfongen wurde moat.
It ferkear wurdt dizze wike omlaat oer de A7. Fytsers en fuotgongers kinne wol oer de brêge.