Neist entûsjasme oer swingend Hearrenfean ek soargen oer finânsjes: "It is in sinkend skip"

Sportcast, Geert Jelle de Vries
Sportcast mei Geert Jelle de Vries © Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean swingde freedtejûn. It stadion geniete, it fuotbal wie moai en Hearrenfean wûn mei 3-0 fan Almere City. Dochs binne der neffens âld-fuotballer Geert Jelle de Vries ek soargen. Foaral finansjeel.
Hearrenfean liet freedtejûn moai fuotbal sjen en wûn mear as fertsjinne fan de ploech fan Alex Pastoor. Geert Jelle de Vries is loovjend oer it spul fan de Feansters. "Fantastysk. En de sfear hat yn it stadion noch noait sa goed west. Ik ha genoaten."
De Vries seach foaral in hiel goeie Simon Olsson. "Sven van Beek is werom, Andries Noppert pakt wer ballen en Olsson hearsket op it middenfjild. Dy assist fan him, dy wie fan wrâldklasse."
De Vries is razend entûsjast oer it spul, mar hy is kritysk oer de finansjele situaasje fan Hearrenfean. "Dy sifers sjogge der dramatsyk út. Dan krijst triennen yn de eagen."
Hast twa wiken lyn presintearre Hearrenfean de jiersifers. Mei in ferlies fan 3,7 miljoen euro en in operasjoneel tekoart fan 7 miljoen waarden der net bepaald goeie sifers bekend makke.

"Skandalich"

De Vries is foaral kritysk oer de foargonger fan algemien direkteur Ferry de Haan: Cees Roozemond. Neffens De Vries hat dy it net goed dien.
"It is skandalich wat dy man dien hat. Dy hat fjouwer jier direkteur west. Hy hat alles feroare wat hy feroarje woe. Mar as er in keardel west hie, dan wie hy noch fjouwer jier bleaun en hie er sein: no soargje ik derfoar dat dy sifers better wurde."
"Ik tink dat it skip Hearrenfean stadichoan sinkt."
Geert Jelle de Vries
Roozemond hat yntusken de klup mear as in heal jier lyn ferlitten. De Vries fynt dat Roozemond mear ferantwurdlikheid nimme moatten hie. "Mar nee, hy lûkt de doar efter him ticht en hy seit: Ferry de Haan mei it oplosse. Min 7 miljoen, jonges. Dat is net neat, hè."

Sinkend skip

De Vries tinkt dat der gau wat feroarje moat, oars hat Hearrenfean in grut probleem. "Ik tink dat it skip stadichoan sinkt. En it slimste is noch dat der net serieus nei sjoen wurdt. Dat idee ha ik. En dat komt omdat je neat hearre fan de ried fan kommissarissen."
Sportstad Heerenveen neist it Abe Lenstra Stadion
Sportstad Heerenveen neist it Abe Lenstra Stadion © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Neffens De Vries hinget de situaasje om Sportstad Heerenveen en it stadion hinne as in molestien om de nekke fan de klup.
"Ik tink dat der úteinlik mar ien oplossing is op termyn. Dat it stadion út Sportstad moat. Of Sportstad moat oernaam wurde troch in oare partij. Ik tink dat dat wol kin. It is net hâldber asto elts jier 4,6 miljoen euro kwyt bist oan it stadion."

Eindhoven parkearret de bus by Cambuur

Cambuur spile freedtejûn mei 2-2 lyk tsjin FC Eindhoven. Cambuur hie muoite mei it ferdigenjende spul fan de tsjinstanner. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen: "Je ha foar in leuke wedstriid twa ploegen nedich, mar Eindhoven parkearre fuort de bus. It wie echt hiel ferdigenjend."
De Ljouwerters kamen der net echt troch en Cambuur krige fia de counter it lid op 'e noas. "Dan moatte je ek geduld en ris hoop ha dat de bal goed falt. Dat slagge net."
De kâns is grut dat der mear ploegen nei Ljouwert komme sille, dy't sa spylje. Dat sil De Vries net ferwûnderje. "Nee, is dat raar? Dan moat je kreativiteit ha. Dat is net oars as oars. Dan moat je sels de goals meitsje."