Europarlemintariër wol de Fryske pipernút rêde: "Sa wurdt in tradysje om sjippe holpen"

In pakje ambachtlike Fryske pipernuten
In pakje ambachtlike Fryske pipernuten © Omrop Fryslân
Europarlemintariër Anja Haga wol witte hoe't it kin dat Fryske pipernuten ynienen net mear ferkocht wurde meie. Haga sil de Europeeske Kommisje dêr skriftlike fragen oer stelle. "Ik fyn it wat wûnderlik dat it ynienen ferbean is, wylst wy se al tsientallen jierren ite."
De ferbeane ferkeap hat alles te krijen mei in stofke dat frijkomt by it bakken fan de pipernuten: akrylamide. Ut ûndersyk docht bliken dat dizze stof kanker feroarsaakje kin.
Neffens Europeeske regeljouwing leit it gehalte oan akrylamide by de Fryske pipernuten boppe de noarm.
De Fryske europarlemintariër foar de ChristenUnie fynt it nuver dat no krekt de Fryske pipernuten net mear ferkocht wurde meie. "De regeljouwing dêr't it om giet bestiet al sûnt 2018", sa fertelt se. "Dan ynienen kin it dit jier net mear. Dan tink ik: hoe kin dat no? As it echt hiel skealik is, wol ik dat graach helder ha."
Anja Haga
Anja Haga © Omrop Fryslân
De maksimumlimiten akrylamide yn produkten binne omleech gien. "En de NVWA (Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, red.) hanthavenet dêr ek op. Se komme alle jierren by ús del om meunsters te nimmen", sa lei pipernuteprodusint Nadine Modderman út Rotsterhaule snein noch út.

Produksje stopset

Modderman hat de produksje fan Fryske pipernuten stopset en rjochtet him no foaral op it meitsjen fan krûdnuten. It bedriuw is de iennichste grutte produsint fan Fryske pipernuten. Dat betsjut dat se dit jier hast net yn de winkels lizze.
De Fryske pipernút wurdt bakt op basis fan taaitaaidaai. Dat is hiel oars as it spekulaasdaai, dêr't krûdnuten fan makke wurde.
De yngrediïnten wurde op ferskillende mominten trochinoar mingd, yn it begjin ek waarm. It daai moat inkelde dagen rêste (bestjerre is de fakterm) foardat de krûden en riismiddels derby gean. Nei't it noch in nacht oan de kant set is, kin it yn de foarmmasine en dêrnei de oven yn.
By krûdnuten wurde alle yngrediïnten yn ien kear byinoar dien. It kâlde daai wurdt dêrnei direkt ferwurke en ôfbakt.
Nei it bakproses binne de Fryske pipernuten bros en hurd. Ien kear yn 'e mûle, rane se op de tonge, sizze de bakkers.
"Somtiden slacht it ek wol wat troch", sa doelt Haga op de Europeeske regels. "Dit ite je mar in pear kear yn it jier. De kâns dat je dêr dan siik fan wurde is miskien wol hiel lyts. Wylst je wol in tradysje om sjippe helpe."

Utsûndering

Haga hopet dat der in útsûndering mooglik is foar de Fryske pipernuten. "Dan ha wy in streekprodukt rêden. Wy moatte der dochs ek net oan tinke dat ús sukerbôle der net mear is?"