Skylge en Doeksen yn spanning: watfoar ympakt hat rapport oer deadlik boatûngelok?

De skea oan de Tiger is goed te sjen
De skea oan de Tiger is goed te sjen © SRFotografie
Yn grutte spanning wachtsje bewenners fan Skylge en de meiwurkers fan rederij Doeksen op it rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid oer it deadlike boatûngelok op 21 oktober 2022 op de Waadsee. Beide partijen binne benaud foar yngripende gefolgen.
Op dy bewuste dei kamen de rappe boat Tiger en wettertaksy Stormloper mei inoar yn botsing. Fjouwer minsken kamen dêrby om it libben. It lichem fan ien fan harren, de 12-jierrige Riemer, is noch altyd net fûn. De Onderzoeksraad voor Veiligheid hat de tadracht fan de oanfarring ûndersocht.

Soargen oer oanbefellings

Op Skylge wurdt mei spanning útsjoen nei it rapport, wit ferslachjouwer Lennard Geerts. "Yn it rapport sille oanbefellings stean. Minsken binne benaud foar de gefolgen dy't it rapport ha kin. Foaral de takomst fan de snelboat en wettertaksy is in punt fan soarch."
Geerts: "It soe samar kinne dat de ûndersyksried fynt dat de snelheid oanpast wurde moat. Dat soe gefolgen ha foar bygelyks it wurk fan eilanners op de fêste wâl."
Sjoch hjirûnder nei wat der op de dei fan it ûngelok barde:
Wat barde der op de dei fan it ûngelok?
Net allinnich op it eilân hearsket spanning: ek by Doeksen, de rederij fan de snelboat Tiger, wurdt al in skoft útsjoen nei de dei dat it ûndersyksrapport iepenbier makke wurdt.
Neffens direkteur Dirk Spoor fan Doeksen is de ympakt fan it ûngelok noch hieltyd te fielen. "Foar ús is it it wichtichst dat it rapport der aanst is en dat wy hjirmei fierder kinne om de feiligens op it wetter te ferbetterjen. Dy oanfarring is de swartste dei út ús skiednis, dus it sprekt fansels dat we de oanbefellings út it rapport meinimme."

Dea troch skuld

Ek rint der noch in strafsaak tsjin de twa belutsen skippers. It Iepenbier Ministearje ferfolget beiden foar dea troch skuld en it tabringen fan swier lichaamlik letsel.
It IM ferwyt de twa skippers dat sy te hurd fearn ha en net goed kommunisearre ha. De skipper fan de wettertaksy soe neffens it IM flak foar de oanfarring in "ûnbegryplike en ûnfeilige stjoerbeweging" makke ha. Wêrom't er dat dien hat, soe hy net mear witte.
It is noch net bekend wannear't de rjochtbank yn Ljouwert de saak behannelet.
Hoe seach de dei fan it ûngelok derút?
It is noch tsjuster as op 21 oktober 2022 seis manlju yn Harns op de wettertaksy Stormloper stappe. It binne wurknimmers fan it Snitser boubedriuw Friso dy't nei harren wurk op Skylge moatte. It is hjerstfakânsje en ien fan de manlju hat dêrom syn soan mei.
Om 07.12 oere botse de wettertaksy en snelboat de Tiger op elkoar yn it Schuitengat, in fargeul ûnder Skylge. De 6 bemanningsleden en 21 passazjiers fan de Tiger komme mei de skrik frij, mar de passazjiers en de kapitein fan de wettertaksy bedarje yn it wetter.
Helptsjinsten wurde oproppen en al gau wurdt bekend dat twa opfarrenden fan de wettertaksy de ramp net oerlibbe ha. Twa oaren reitsje fermist: in jonge fan 12 út Seisbierrum en in 49-jierrige man út Tsjalbert. Om 11.15 oere wurdt de sykaksje ôfskaald, under oare omdat de kâns op oerlibjen yn it kâlde wetter as nihyl beskôge wurdt.