Bern trommelje om stress te ferleegjen: "Smyt enerzjy en wille op"

trommelje
Ut ûndersyk blykt dat drummen stressferleegjend wurket © Omrop Fryslân
"Eén, twee, drie... stop!" ropt begelieder Elian Kers. Hy blaast op syn fluitsje en it lûd fan in tsiental trommels falt stil. Yn multyfunksjoneel sintrum Het Mozaïek yn Ljouwert krije bern fergees muzykles op sambadrums.
"Ut ûndersyk blykt dat drummen stressferleegjend wurket", seit projektlieder Mees van den Bergh fan Embrace Nederlân. Foar even fergetten de muzykmakkers har soargen en rjochtsje sy har op ien ding: ritme hâlde.
De stichting fersoarget alle wiken lessen, sadat bern út de Ljouwerter Frijheidswyk yn de kunde komme kinne mei muzyk. "Bern dy't hjir komme, binne allegear noch net sa ferbûn mei de wyk. Dy komme hjir no wol, en dy moetsje oare bern en ûntdekke har eigen talinten."
Bern trommelje om stress te ferleegjen: "Smyt enerzjy en wille op"
"Het klinkt misschien wat ingewikkeld", seit Elian Kers. "Maar het is juist superlaagdrempelig. Ik speel gewoon wat voor. Meestal pikken ze dat meteen op en spelen ze het na. En dan kunnen we met drums verschillende ritmes spelen."
Alle wiken komme der sa'n fiif oant fyftjin bern oer de flier. De lessen binne net perfoarst goed foar har trommelfluezen, mar se binne wol goed foar de lol: "It is in grutte bak lawaai, dy't ek in bak enerzjy en wille opsmyt", seit Van den Bergh. "Wy knalle it wykgebou derút."