Liveblog | 4 desimber 2023

112-nijs 4 desimber: Auto te wetter yn Warns, bestjoerder (71) ferstoarn | Koade giel om snie

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 4 desimber 2023, 21:31
21:31

Autobestjoerder (71) komt om by ûngelok yn Warns

Ungelok yn Warns
Ungelok yn Warns © CAMJO media
In 71-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân is om it libben kaam by in ûngelok yn Warns. It slachtoffer rekke mei de auto yn it wetter oan de Klipper.
De helptsjinsten koenen neat mear foar de man dwaan, meldt de plysje. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht.
21:17

Bungalow yn 'e brân yn Appelskea

Brân yn in bungalow yn Appelskea
Brân yn in bungalow yn Appelskea © BTBfotografie
In útslaande brân hat grutte skea oanrjochte oan in bungalow oan De Valouwe yn Appelskea. By de brân kaam in soad reek frij. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.
De brânwacht fan Appelskea waard oproppen en krige letter help fan de brânwacht fan Smilde. Sy kamen mei in wettertankwein, om te soargjen foar genôch wetter om it fjoer te bestriden.
18:56

Persoan yn it wetter yn Warns

In ferfiermiddel is yn Warns yn it wetter rekke. Helptsjinsten binne dwaande om de bestjoerder derút te heljen.
It ûngelok barde om 16.50 oere hinne oan de Klipper, op in yndustryterrein mei wettersportbedriuwen.
16:37

Fytser ferwûne rekke by oanriding op Nijtap yn Drachten

Der is in fytser ferwûne rekke by oanriding op Nijtap yn Drachten. De bestjoerder fan in bestelbus seach de fytser nei alle gedachten oer de holle. De jonge fytser is opfongen troch omstanners en oerdroegen oan ambulânsepersoniel. Hy is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht.
De plysje hat it ûngefal yn kaart brocht en mei tsjûgen praat.
Helptsjinsten op it plak fan it ûngelok
Helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © SRFotografie
16:16

Brân Hoarnstersweach ûnder kontrôle

Brân yn Hoarnstersweach ûnder kontrôle. De skuorre moat neffens de brânwacht as ferlern beskôge wurde. Troch opskaling en optreden fan de blusploegen koe foarkommen wurde dat de skuorre dernjonken ek yn brân fleach.
15:57

Koade giel fanwegen de snie

It KNMI hat foar moandei koade giel ôfjûn foar Fryslân. It waarynstitút warskôget foar glêdens op 'e dyk fanwegen de snie. Yn de jûn en nacht falt der yn it noarden en noardeasten fan it lân (wiete) snie. De warskôging jildt fan moandei 22.00 oere oant tiisdei 11.00 oere.