Grjint oanspield op Flylân, bist hat it net oerlibbe

Deade grjint
Deade grjint © Vliehors Express
Der is in grjint oanspield op Flylân. Dizze walfisksoart dy't by de dolfyneftigen heart, hat it net rêden: it bist waard snein dea fûn op it strân by in toer fan de Vliehors Express.
It bist wurdt fan it strân helle en giet foar ûndersyk nei de universiteit fan Utrecht.
Grjinten wurde net in soad by Nederlân sjoen. Gewoanwei libje se ûnder mear yn de buert fan Skotlân en Yslân.
De dolfinen libje yn grutte groepen en spiele dan somtiden ek yn grutte oantallen oan. De measte bisten oerlibje dat dan net.