Liveblog | 3 desimber 2023

112-nijs 3 desimber: Koade giel troch snie en glêdens

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 3 desimber 2023, 17:51
17:51

Auto flink skansearre by botsing

In buske en in auto binne sneintemiddei mei elkoar yn botsing kaam op de Anne Vondelingweg yn Ljouwert. De auto rûn dêrby in soad skea op.
De krusing dêr't it barde, is troch de plysje foar in part ôfsletten.
De auto rekke flink skansearre
De auto rekke flink skansearre © Kappers Media
14:01

Moarn ek hiele dei kâns op glêdens

It KNMI hat koade giel ferlinge oant moandei 00.00 oere. De warskôging giet jûn yn om 19.00 oere.
Jûn en moarnier kin it glêd wurde troch snierêsten en befriezing fan wiete parten fan de dyk.
Moandei komt der út it suden wei wer in delslachgebiet oer ús lân.
12:58

Ferstoarne persoan fûn yn sleat by Jelsum

Ferstoarne persoan oantroffen yn Jelsum
Ferstoarne persoan oantroffen yn Jelsum © Kappers Media
De plysje hat om 12.00 oere hinne in ferstoarne persoan oantroffen oan It Paradys yn Jelsum.
Der is noch net in soad bekend, de plysje docht ûndersyk nei de identiteit fan it lichem en de tadracht.
09:29

Bewenners ûntromme huzen Easterwâle binne wer thús

De brân yn Easterwâlde is noch altyd net folslein ûnder kontrôle, wol is der ôfskaald nei GRIP-0. De bewenners fan de trije ûntromme huzen binne wer thús.
Sy waarden opfong yn it gemeentehûs.
De brânwacht besiket no benammen foar te kommen dat de brân noch oerslacht nei njonkenlizzende gebouwen.
09:14

Auto yn de sleat by Holwert

Auto yn de sleat Holwert
Auto yn de sleat Holwert © AS Media
By Holwert is in automobilist troch glêdens yn de sleat bedarre. Dat barde oan de Ljouwerterdyk, de N357.
Net ien rekke ferwûne, in bergingsbedriuw hat de auto ôffierd.
07:23

Koade giel foar fan 'e moarn en jûn

Koade giel
Koade giel © Omrop Fryslân
It KNMI hat yn Fryslân koade giel ôfjûn oant 11.00 oere. It waarynstitút warskôget foar snie en glêdens. Benammen it ferkear kin hjir lêst fan hawwe.
Yn de middei wurde fan it súdwesten út sniebuien ferwachte. Dêrom jildt ek foar snein 19.00 oere oant moandei 03.00 oere koade giel.