FIDEO: Tige grutte brân by bedriuw Tyson Foods yn Easterwâlde

Brân Easterwâlde
Brân Easterwâlde © CAMJO Media
By it bedriuw Tyson Foods oan de Houtwal yn Easterwâlde wie yn de nacht fan sneon op snein in tige grutte brân.
De brânwacht is manmachtich útriden om de útslaande brân te bestriden. De brân is yn in loads dy't as bygebou op in lytse ôfstân fan it haadgebou stiet. In diel fan ien fan de trije fabrykshallen hat ek in soad skea oprûn.
Der waard sneontenacht opskaald nei GRIP-1, der is dan in gearwurking tusken ferskate helptsjinsten. De brân ûntstie om 02.15 oere hinne.

Gjin ferwûnen

De brânwacht, bystien troch helptsjinsten út Drinte, besiket nei eigen sizzen oerslach nei dat haadgebou foar te kommen.
Bylden fan de grutte brân yn Easterwâlde
Der wiene by Tyson gjin minsken oanwêzich. Troch de reekûntwikkeling is in lyts tal huzen yn de buert ûntromme. De ynwenners waarden yn it gemeentehûs opfongen mar koene sneintemoarn om 09.00 oere hinne wer werom. Yn de omjouwing fan it bedriuw binne ek meardere diken ôfset.

Ruten en doarren ticht

Der binne trije grutte kranen ynset om de loads 'iepen te pellen' en om sa de brân better bestride te kinnen, meldt in wurdfierder. Mar dat smiet wol wer mear reek op. De brânwacht rôp bewenners yn de omkriten dêrom op ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasjesystemen út te skeakeljen.
Bylden fan de brân yn Easterwâlde
It bedriuw dêr't de brânende loads fan is, ferwurket iten, benammen hin. It bedriuw leveret ûnder mear oan grutte fastfoodketens. It bedriuw is diel fan in Amerikaanske multinasjonal en wreide har produksjekapasiteit yn 2021 noch út troch in nije loads te bouwen.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend, dat wurdt noch ûndersocht.