Undersyk fan ien dei kin tal astmapasjinten yn sikehuzen bot omleech bringe

Akke-Nynke van der Meer
Akke-Nynke van der Meer fan it MCL © Omrop Fryslân
As minsken dy't bot lêst ha fan astma earder nei in spesjaal ekspertizesintrum stjoerd wurde, kin it tal besites oan sikehuzen behoarlik ôfnimme.
Dat seit longdokter Akke-Nynke van der Meer fan it MCL. Se is koartlyn promovearre op astma-ûndersyk.
"Yn Ljouwert sjogge we best in protte minsken mei ûnrêstige astma. Dy moatte in protte medisinen brûke, en se kinne sels in long-oanfal krije. Dat kin liede ta in opname yn it sikehûs, as de eigen medisinen net goed genôch helpe."
Sikehûs MCL yn Ljouwert
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Fanút it hiele lân komme minsken mei slimme astmaklachten nei Ljouwert. It MCL hat in spesjaal ekspertizesintrum. Yn ien dei wurdt dêr ûndersocht wêrom't de astmaklachten sa dreech te behanneljen binne.

"Better ûnder kontrôle"

"Wy sjogge nei de spesifike kenmerken fan de pasjint, en op basis dêrfan jouwe we in advys mei foar de eigen dokter. Dy kin dan de astma better ûnder kontrôle krije."
Van der Meer hat jierrenlang ûndersyk dien nei dizze behannelmetoade. Se is der entûsjast oer. De measte pasjinten dy't ien dei yn Ljouwert west ha, komme dêrnei minder faak yn it sikehûs telâne.
Dat is net allinne goed foar de pasjinten, seit Van der Meer. "Los fan dat de kwaliteit fan libben better wurdt, en dat de astma better ûnder kontrôle is, sjogge we ek dat dizze minsken minder faak op de spoedeisende hulp komme, en minder faak opnaam wurde. Dat redusearret ek de soarchkosten."