Oanlis 'kronkelrivier' by Ofslútdyk kin begjinne: "Unyk yn de wrâld"

Sa moat de fiskmigraasjerivier der skielk út komme te sjen
Sa moat de fiskmigraasjerivier der skielk út komme te sjen © Feddes/Olthof Landschapsarchitecten
De oanlis fan de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk komt yn in streamfersnelling, letterlik en figuerlik. Foar in bedrach fan tusken de 12,5 en de 15 miljoen euro is de twadde faze fan de oanlis oanbestege oan Boskalis.
De Ofslútdyk waard op 28 maaie 1932 tichte: it brocht ús as minsken feiligens, mar tagelyk wie it in ekologyske ramp. Want de eardere Sudersee en de Waadsee waarden abrupt fan inoar skieden. Foaral foar fisken is de dyk in grutte blokkade.
De fiskmigraasjerivier moat dizze wichtige skeakel yn de swimrûten fan fisken wer werombringe. It helpt har aanst fan sâlt nei swiet wetter te swimmen en vice versa.

No komt de Iselmarkant oan bar

De grutste put foar it bedriuw Boskalis is it graven fan in rivier oan de Iselmarkant. Dy rivier wurdt yn totaal fjouwer kilometer lang, mei in hiel soad bochten.
Projektmanager Wiepkje Elsinga fan provinsje Fryslâna
Projektmanager Wiepkje Elsinga fan provinsje Fryslân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"De lingte fan de rivier is sa bepaald dat it foar de fisken stadichoan oergiet fan it sâlte nei it swiete wetter", leit projektmanager Wiepkje Elsinga fan provinsje Fryslân út.
"Mar ek om derfoar te soargjen dat it binnen dy rivier bliuwt en der gjin sâlt wetter yn de Iselmar komt."

Twadde faze

De bedriuwen BAM en Van Oord hawwe yn de earste faze al flink wat wurk fersetten. Elsinga: "Oan de Iselmarkant is de westlike side fan de fiskmigraasjerivier al realisearre. Wat der noch komt, is de súdeastlike kant en it binnendiel: de ferneamde kronkeljende rivier."
De twadde faze fan de oanlis fan de fiskmigraasjerivier wurdt dien troch Boskalis
Oan de Waadkant wurdt der neffens Elsinga noch drok wurke oan in daam en de iepeningen yn de daam dêr't de fisken yn swimme kinne, neist de spui.
"Dêr komme skielk de fisken nei binnen ta. Yn it earste part kinne se wenne en ta rêst komme. Dêrnei swimme de fisken ûnder de dyk troch, nei de Iselmarkant en dan fierder de slingerjende rivier op."
Hjir kinne de fisken ûnder de Ofslútdyk troch
Hjir kinne de fisken ûnder de Ofslútdyk troch © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Gewoanwei in gat yn de dyk meitsje, is net genôch, om allerhanne redenen. Sa wurdt de Iselmar ek brûkt as drinkwetterboarne en dat soe net mear kinne as der sâlt wetter yn terjochte komme soe.

Fisken ha der profyt fan

Trekfisken hawwe ferlet fan dy ferbining om opgroeie te kinnen en har fuort te plantsjen. Somtiden wachtsje der miljoenen fisken yn de Waadsee foar de spuislûzen.
Sy rûke it swiete wetter en wolle der nei ta, mar it wetter streamt fierstente hurd foar de fisken. It makket dat de fiskstân soarchlik leech is.
De trochgong is fan boppe ôf in betonnen bak ûnder de A7 troch
De trochgong is fan boppe ôf in betonnen bak ûnder de A7 troch © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De rivier helpt bygelyks de iel, salm, Europeeske steur, trijestikelige toarnder en de Atlantyske forel. Dat sokke populaasjes har werstelle, is ek wer fan belang foar fûgels dy't de fisken ite. Boppedat makket de ferbining it Iselmarwetter sûner en kin it tal planten en bisten dêr tanimme.

Koarnwertersân, by de 'fisksneldiken'

De fiskmigraasjerivier komt westlik fan de spuislûzen fan Koarnwertersân te lizzen. Krekt dit is it meast ideale plak, om't dêr mei de Lorentzslûzen flink wat swiet wetter nei de Waadsee brocht wurdt. De rivier kin dêr ek oansluting fine op de djippe geulen yn it wetter, de 'sneldiken' foar de fisken.
De Waadseekant fan de fiskmigraasjerivier
De Waadseekant fan de fiskmigraasjerivier © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Swiet en sâld komme stadichwei byinoar yn de slingerjende rivier, sa't fisken de tiid hawwe om te wennen. De rivier folget it tij fan de Waadsee en krijt ferskate streamsnelheden. By hege wetterstannen of stoarm kin de rivier mei slûsdoarren noch wol ôfsletten wurde.

2025 moat it klear wêze

It wurk is al yn 2019 begûn en de hoop is dat ein 2025 de earste fisken de oerstek meitsje kinne. It folsleine projekt sil nei alle gedachten sa'n 60 miljoen euro kostje en wurdt yn opdracht fan de provinsje Fryslân útfierd. Mar der wurkje tal fan organisaasjes en ynstânsjes oan mei.
It 'gat' yn de dyk oan de Iselmarkant
It 'gat' yn de dyk oan de Iselmarkant © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk is in wrâldprimeur. Der is al jierren neitocht oer de krekte oanpak, om't in keunstmjittige tijenrivier op de grins fan swiet en sâlt wetter oanlizze tige kompleks is. Ynternasjonaal is der in soad belangstelling foar it projekt.
Foar Wiepkje Elsinga is it dêrom ek in prachtich projekt om oan te wurkjen. "Hiel byldbepalend, wy heakje echt in stikje nije natuer ta oan de Ofslútdyk. Dit is unyk yn de wrâld, dit sjochst neane oars."