Garaazjebedriuw folslein útbaarnd yn Noardwâlde

"Der wie in hiele protte reek doe't we hjir oankamen"
Yn Noardwâlde is in garaazjebedriuw folslein ôfbaarnd. In wenhûs dat derneist stie, is bewarre bleaun.
Der siet asbest yn it gebou. Neffens in wurdfierder fan de brânwacht is dat net yn de omjouwing telâne kaam.
De brânwacht hat in spesjale asbestproseduere opset. Dêrby wurde klean en materieel ûntsmet.
Om't Noardwâlde flakby Stienwyk leit, is de brânwacht fan Oerisel ek oproppen om te blussen. De brânwacht wurket mei grut wettertransport út de Spokeplas.